Advys oan Hege Rie: te min bewiis tsjin echtgenoate foar moard op Van Seggeren

De feroardieling fan Jessica B. (37) út Kollumersweach, dy 't yn heger berop feroardiele is ta tweintich jier sel foar it meiplegen fan de moard op har man Tjeerd van Seggeren, kin net yn stân bliuwe. Dat advisearret de advokaat-generaal de Hege Ried tiisdei.
In opmerklike draai yn de saak Van Seggeren:
Se fynt dat der te min bewiismateriaal is foar it meiplegen fan de moard.
It lichem fan Van Seggeren (37) waard mei swier letsel oan de holle oantroffen op de moarn fan snein 9 july 2017 yn in greide by De Westereen. Hy hie dy sneontejûns yn it Fryske doarp in muzykfeest besocht.

Altyd ûntkend

De frou hat altyd ûntkend wat mei de dea fan har man te krijen hân te hawwen. Se stelt dat se har man mei de auto ophelje woe by de greide, mar him nea sjoen hat en weromriden is. Mar it hôf yn Ljouwert wie der yn 2020 fan oertsjûge dat B. in stjoerende en regissearjende rol hân hat by de moard.
© Omrop Fryslân
De advokaat fan de fertochte hat de Hege Ried frege de feroardieling te ferneatigjen. Hy is it ûnder oare net iens mei de bewiiskonstruksje fan it hôf en mei de 'bewezenverklaring' dat se de moard tegearre mei in oar plege.

Yndirekt bewiis

Neffens de konklúzje fan de advokaat-generaal hat it hôf "de betrokkenheid van de vrouw uitsluitend uit indirect bewijs afgeleid". Der binne net genôch feiten of omstannichheden om ôf te lieden dat sprake wie fan gearwurking tusken dieders. "Uit het bewijs kan niet worden opgemaakt waaruit het medeplegen heeft bestaan, laat staan óf er wel sprake is geweest van een gezamenlijke uitvoering."
De útspraak fan de Hege Ried stiet pland op 19 april.