Thialf-direkteur Marc Winters nimt ôfskied: "Thialf is nooit af"

Marc Winters stapt op as direkteur-bestjoerder fan Thialf. Nei in perioade fan 5 jier komt op 1 april in ein oan syn tsjinstferbân.
Marc Winters © Orange Pictures
Neffens Winters brekt foar iisstadion Thialf in nije faze oan en is dat "het juiste moment om elders nieuwe uitdagingen aan te gaan", sa skriuwt er yn in brief oan it personiel.
"Het is een logisch moment om weg te gaan, maar ik heb er met veel plezier gewerkt", seit Winters. "Het gaat onder je huid zitten. Met enige nostalgie zal ik in de toekomst naar het schaatsen kijken."
Winters neamt Thialf in bysûnder bedriuw. "Er was grote betrokkenheid van bijvoorbeeld vrijwilligers. Er gebeuren fantastische dingen en er is een roemrijke historie. Het is natuurlijk wel een bedrijf waar je zeven dagen in de week mee bezig kunt zijn."

'Randje faillissement'

Yn de fiif jier dat er direkteur wie, wiene der lykwols ek grutte tsjinslaggen. "Het moment van 'randje faillissement' was in 2020", seit de skiedend direkteur. "Toen hebben de aandeelhouders ons gered met een reddingscrediet. Vervolgens zijn we de herstructurering ingegaan. Dat heeft een tijd geduurd, mede door corona, maar dat hebben we nu achter de rug."
No is it tiid foar in nije faze, fynt Winters. Dy kinne der ek komme om't it Ryk yn it regearakkoart opnaam hat dat der jild komme moat foar it iisstadion. "Het is een fundament voor de komende jaren. Waarbij ik niet het beeld wil schetsen dat Thialf 'af' is", seit Winters. Want, sa as er seit: "Thialf is nooit af."
Marc Winters giet fuort by Thialf