Earste ljipaai noch hieltyd net fûn: "Us formule kloppet net mear"

Elkenien wachtet op it earste ljipaai. By de Bond Friese Vogelwachten koene se foarhinne presys foarsizze wannear't it earste ljipaai lein wurdt, mar fanwegen de sêfte winters kloppet dizze formule net mear.
Ljippen © Shutterstock.com (Rudmer Zwerver)
"Der binne genôch minsken dy't yn it fjild oan it sykjen binne, mar de nêsten bliuwe noch leech", seit Inge van der Zee fan Bond Friese Vogelwachten. Dat komt neffens har trochdat de ôfrûne winter earst sêft wie, mar dat de wyn letter omsloech nei eastewyn. "En eastewyn, der hâlde de ljippen net fan", wit Van der Zee.

Storein en westewyn

Storein en in westewyn: dat is it echte 'ljippewaar'. "Dan 'skite se aaien'", seit Van der Zee. De Bond Friese Vogelwachten hat earder in formule ûntwikkele om te efterheljen wannear't de earste ljipaaien yn it fjild ferskine. Dy formule is basearre op de ôfrûne 50 jier.
It bûn koe de formule noch in pear jier lang brûke, mar de ôfrûne 3 jier koene se der neat mear mei. "De formule is benammen basearre op temperatuer. We sjogge dat der fierstente gau in te hege temperatuer berikt wurdt."
Dit jier soe it earste ljipaai der neffens de formule al op 20 febrewaris wêze moatte. Van der Zee: "Eltse fjildman wit ek wol dat dat him net wurdt."

'It duorret net lang mear'

It bûn sil opnij sjen nei de formule. "We wolle besjen oft der ek oare fariabelen yn de formule moatte. Ik kin my sa foarstelle dat de lingte fan de dei der ek wat mei te krijen hat."
Foar no is it earst wachtsjen op it earste ljipaai. "Do sjochst wol dat der yn it fjild wat bart, mar it is net safier dat der ek in aai komt", seit Van der Zee. "Al sil it net lang mear duorje."
Inge van der Zee fan Bond Friese Vogelwachten oer it earste ljipaai