Plysje siket tsjûgen fan swiere mishanneling op it Saailân yn Ljouwert

Op it Saailân, neist it Fries Museum, hat yn de nacht fan sneon op snein om 05.00 oere hinne in swiere mishanneling plakhân.
© ANP Foto
In 19-jierrige Ljouwerter is troch ferskate personen trape en slein, ûnder oaren tsjin syn holle. De man waard troch freonen bewusteleas oantroffen en is dêrnei oerbrocht nei it sikehûs.
De man hold oan de mishanneling in brutsen jokbonke en in harsenskodding oer.
De plysje is op syk nei minsken dy't tsjûge west hawwe fan de mishanneling of yn it besit binne fan kamerabylden.