Van Haga (BVNL) docht oanjefte fanwege bedriging Dokkumer riedslid Talsma

Twadde Keamerlid Wybren van Haga docht út namme fan syn partij BVNL oanjefte fan in bedriging oan it adres fan riedslid Johan Talsma út Dokkum. Ek Talsma sels sil oanjefte dwaan.
Talsma, dy't him ferline jier oansleat by BVNL en op it stuit yn de ried fan Noardeast-Fryslân sit, trof moandeitejûn nei in ferkiezingsdebat ûnder syn rutewiskers in brief oan.
Dêryn waard neffens Talsma easke dat BVNL him weromlûke moat, oars soene der 'sanksjes' folgje tsjin Talsma. Dêrby waard fierder skreaun: "Ik weet dat uw vrouw in Drachten werkt en dat uw kinderen op school zitten bij de Karwei. Hen zou toch niks moeten overkomen."
Johan Talsma © Omrop Fryslân, René Koster
Talsma is ferstuivere troch de bedriging oan syn adres. "Je meie it yn dit lân hartstikke ûniens wêze mei-inoar, mar as we inoar bedriigje, dan stiet it frije wurd net allinnich ûnder druk, mar sakje we ek troch in ûndergrins", seit Talsma. "Ik lit my troch neat en nimmen de mûle snuorje."
Johan Talsma oer de bedriging
Talsma jout oan: "Ik bin foar gjinien bang. Der is my ek al befeiliging oanbean, mar ik wol gewoan oer strjitte rinne kinne." It minste fynt hy it foar syn frou en bern. "Myn frou hat der noch bot lêst fan."

Untmoedige

It hat him dochs wol in jûn ûntmoedige. "Earlik sein: ik sei justerjûn tsjin myn frou: ik hâld der mar mei op, want wêr doch ik it noch foar? Wêr haw ik dit oan te tankjen. Ik bin gjin rasist of fassist, ik wurkje hurd, stean tusken de minsken en elts kin my benei komme."
De moarn dernei kaam de striidberens lykwols werom. "Ik tocht: wy hawwe de goede koers te pakken. En troch."
Fan wa't it briefke komt, doart Talsma net te sizzen. Hy tinkt ek net dat de plysje der in soad mei kin.
Wybren van Haga © ANP Foto
Van Haga is bot skrokken fan de brief. "Deze misselijkmakende bedreiging nemen wij hoog op. In een goed werkende democratie moet elke partij op een veilige manier campagne kunnen voeren. Deze bedreiging, notabene ook aan het adres van vrouw en kinderen, is onacceptabel", seit it Twadde Keamerlid.