Olympysk kampioen Erin Jackson docht mei oan reedrydspektakel Zilveren Bal

De Amerikaanske reedrydster Erin Jackson docht nije wike woansdei mei oan de Zilveren Bal yn de Ljouwerter Elfstedenhal. Dat is in wedstriid oer 100 meter foar sprinters mei in show deromhinne.
Erin Jackson © ANP
De olympysk kampioen op de 500 meter docht dit wykein mei oan de World Cup finale yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Doe't se hearde fan de Zilveren Bal yn Ljouwert, hat se har weromreis nei Amearika mei in pear dagen útsteld.
Erin Jackson wenne yn it ferline in lyts skoftsje op It Hearrenfean, doe't se krekt begûn mei it reedriden.
Der binne mear bûtenlânske dielnimmers. Ek Femke Kok fan Nij Beets docht mei.