Sweachster swier ferwûne rekke by ferkearsûngelok yn Drinte

Op de Semsweg by De Groeve yn Drinte hat moandeitemoarn in iensidich ferkearsûngelok plakhân. De bestjoerder, in 41-jierrige man fan Beetstersweach, is dêrby slim ferwûne rekke.
© Noordernieuws
De ynsittende rekke beknypt, ûnder oare de brânwacht en in traumateam binne oproppen. De Sweachster is mei in ambulânse oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Der wurdt ûndersyk dien nei de oarsaak fan it ûngelok.
Fanwegen it ûngelok wie de wei in skoftke ôfsletten.