Moanlikse test loftalarm giet troch; hat net te krijen mei de oarloch yn Oekraïne

It is hjoed de earste moandei fan de moanne en dus geane de sirenes om 12.00 oere wer ôf. Dat loftalarm wurdt gewoanwei net oankundige, mar mei it each op de oarloch yn Oekraïne no wol. It giet dus om de reguliere test.
Loftalarm © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Se wurde altyd test sadat elkenien it lûd werkent by in ramp of ûngelok. Der binne hast 5.000 fan dy sirenes yn ús lân. Fanwege de oarloch yn Oekraïne kundiget de oerheid dizze kear it testen fan de peallen ekstra oan.

Rampestjoerder

It lûd fan de sirene duorret 1 minút en 26 sekonden. Wannear't de sirenes langer en ferskate kearen efter inoar ôfgean is der in echt alarm. Minsken moatte dan binnendoar bliuwe, ruten en doarren tichtdwaan en elektroansyke fentilaasje útsette.
Fia radio of telefyzje fan bygelyks Omrop Fryslân as rampestjoerder wurdt ynformaasje jûn oer wat der oan de hân is.