Liveblog | 7 maart

Lanlik goed 106 miljoen ophelle: dit wie de Fryske aksjedei foar Giro555

Hjoed is de lanlike aksjedei om fia Giro555 jild op te heljen foar de slachtoffers fan de oarloch yn Oekraïne. Folgje de aksjes yn Fryslân.

  • Meld aksjes oan by: redaksje@omropfryslan.nl;
  • Learlingen yn Kollum sammelje flessen yn foar Oekraïne;
  • Aksjes fan learlingen op skoalmienskip Simon Vestdijk;
  • Skoalbern yn Noardeast-Fryslân ferkeapje sinneblompitsjes.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 7 maart, 20:31
moandei 7 maart
23:00

Ein fan de liveblog: lanlik mear as 106 miljoen euro ophelle

Mei de lanlike aksjedei is oant no ta mear as 106 miljoen euro ophelle, sa is niiskrekt bekend makke oan de ein fan de útstjoering Samen in actie voor Oekraïne.
Oant safier dizze blog oer de aksjedei foar Giro555, wêrmei't jild ynsammele wurdt foar Oekraïne. De ein fan dizze dei betsjut net dat de aksje ophâldt: alle jild en stipe is noch wolkom. Foar no tank foar it folgjen en bliuw foaral it nijs oer Fryske aksjes en Friezen yn Oekraïne folgjen by Omrop Fryslân.
20:21

De Jouster Toer yn blau-giel

De Jouster Toer yn de kleuren fan Oekraïne © Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort
Op De Jouwer is yn de Midstrjitte de Jouster Toer yn blau-giel ljocht set, de kleuren reizgje gemeente De Fryske Marren troch as stipe foar Oekraïne.
In frou makket in foto fan de toer: "Hy giet op de famylje-app. Dat ek De Jouwer in stientsje bydraget. Ik fyn it fantastysk dat der oeral fan dy aksjes binne. Ik wurkje sels yn Harns op it Simon Vestdijk, dêr wie Piet Paulusma en de bern hiene allegearre aksjes. Al dy spontane aksjes binne geweldich."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn de Midstrjitte
"Wy fine it wol moai en goed", seit in jonge passant. Ek syn 8-jierrige suske is ûnder de yndruk: "Hiel cool en goed fan De Jouwer dat sy dit dien hawwe. Ik fyn it gewoan super leuk en goed. En ik folgje it nijs ek eltse dei. Ik hear soms op de radio dingen en ik fyn it bêst wol stom wat Ruslân docht en Poetin is hiel eigenwiis. Ik wie al bang foar oarloch, no bin ik der dochs wol mei dwaande dat sy ús net oanfalle kinne."
20:11

'Jarje foar Oekraïne'

Jelle Bouma en syn freondinne Hendrika Smid sette har op in bysûndere wize yn: sy jarje foar Oekraïne. Sy litte har sponsorje foar eltse bak dy't sy hjoed oer it lân ride. Famylje, freonen en bekenden hawwe de aksje stipe, lit de famylje Bouma witte.
'Jarje foar Oekraïne':
19:26

Tuskenstân op 40 miljoen euro

Niiskrekt is bekend wurden dat de teller fan de lanlike Giro555-aksje op dit stuit op goed 40 miljoen euro stiet. Dêrmei is it noch net dien, want om 20.30 oere set op NPO, SBS en RTL in mienskiplik telefyzjeprogramma útein ûnder de namme Samen in actie voor Oekraïne. Dêr binne oant 23.00 oere allerhanne aksjes te sjen.
19:20

Oprop fan boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke

17:44

Skiermûntseach stipet mei 2 euro de ynwenner

17:15

Westereender skoalbern sammelje jild yn foar Oekraïners

17:12

Gemeente Eaststellingwerf jout in euro de ynwenner: yn totaal 25.683 euro

16:53

Harker Gerry Labordus keapet stikjes oranjekoek foar 5,55 euro it stik

Gerry Labordus wie yn de studio by Omrop Fryslân. Se reagearre op de oprop om stikjes oranjekoek foar 5,55 euro it stik te keapjen. "Ik keapje se alle trije", sei se. It docht har wat om te sjen hoe't de minsken yn Oekraïne it ha. "De ellende dy't hja dêr hawwe is net te beskriuwen. Dêr haw ik wol wat foar oer."
Harker Gerry Labordus keapet stikjes oranjekoek foar Oekraïne
16:19

Wedstriidshirts SC Cambuur feild foar Giro555

16:01

Opbringst fan túnmeanen donearre oan Giro555

Rimmer Dijkstra hat ferline simmer jild sparre troch te túnmeanen. It siet yn syn sparpot, "mar ik fûn dat de minsken yn Oekraïne it better brûke kinne as my", skriuwt er. Hy hat it jild mei mem oermakke nei Giro555.
Rimmer Dijkstra mei syn sinten © Jetty Dijkstra-Schukken
15:28

Yn Kollum binne learlingen ek dwaande foar Oekraïne

Learlingen en teamleden fan !mpulse Kollum en it Lauwers College Kollum komme hjoed tegearre yn aksje foar Oekraïne, meldt RTV NOF. Fan hjoed ôf sammelje de twa skoallen staasjejildflessen yn, om jild op te heljen foar Giro555. Takom wike sil der ek noch in sponsorloop holden wurde.
15:02

Kitty Oostindjer makket 3D-skilderijen yn it giel en blau

Kitty Oostindjer makket skilderijen foar Oekraïne. It binne gjin gewoane skilderijen, Oostindjer makket saneamde 3D-komposysjes, mei stikjes hout en oar guod dat se krijt, fertelt se. "Ik heb onlangs weer heel veel spullen opgehaald en ik dacht, wat moet ik hiermee?"

Giel en blau

Doe hat se besletten skilderijen te ferkeapjen fia Instagram, foar Oekraïne. Spesjaal foar dizze aksje hat se dêrom ek de kleuren giel en blau yn de skilderijen ferwurke. "Deze spullen mogen tegen opbod verkocht worden en de opbrengst gaat naar de Oekraïne", seit Oostindjer.
Keunstneres Kitty Oostindjer oer spesjale skilderijen foar Giro555
14:39

Djurre hat mei syn neefkes lege flessen ophelle yn Donkerbroek

Djurre, Niels, Joris en Bram hawwe fan 't wykein lege flessen ophelle yn Donkerbroek. Se hawwe mei syn fjouweren 71 euro ophelle.
Djurre, Niels, Joris en Bram hawwe jild ynsammele foar Giro555 © Trees Schepers
13:47

Onze Vader fan de Zandtovenaar

De Zandtovenaar (Gert van der Vijver út Koartehimmen) hat it 'Onze Vader' yn it Oekraynsk makke. Dêrmei ropt er op om jild oer te meitsjen.
13:44

Freegje yn Goeiemiddei dyn plaatsje oan foar Oekraïne

Yn it radioprogramma Goeiemiddei by Omrop Fryslân kinst in plaatsje oanfreegje, ast taseist datst jild oermakkest op Giro555. Dat oanfreegjen kin troch in appke te stjoeren fia it symboal Appke op de mobile telefoan op de Omrop-app.
13:33

Snert foar 5,55 euro de liter by Alice Rozema fan de Falom

Alice Rozema fan de Falom ferkeapet selsmakke snert foar Giro555. "Ik tocht it waar wurdt kâlder, wy moatte mar oan de snert. Ik moat mar snert siede, dêr bin ik freed mei begûn."
En dat waard in súkses. "Ik sette it op Facebook en it rûn as in tierelier, dus ik tocht dan moat ik sneon en snein mar wer siede. It rint as in trein."

5,55 euro de liter

In liter snert kostet by har hjoed in symboalysk bedrach fan 5,55 euro. "As ik sa op myn lystje sjoch, tink ik dat ik no 52 liter sean ha. Der sitte ek noch donaasjes by, minsken helje twa liter en sizze 'hjir hast 15, soms wol 20 euro'."
Rozema hopet dat fan de sinten medisinen en oar needsaaklik guod kocht wurde kin. Minsken kinne noch de hiele middei snert bestelle by Rozema.
Alice ferkeapet snert foar GIRO 555
12:46

Yn de earste oeren is goed 8 miljoen euro binnenkaam

Yn de earste oeren is goed 8 miljoen euro binnenkaam op Giro555 foar Oekraïne.
11:46

Seis learlingen fan RSG Snits ferkeapje pûdsjes tee

Learlingen fan it RSG Snits hawwe in aksje opset om leeftiidsgenoaten yn Oekraïne te stypjen. Se ferkeapje farske pûdsjes tee, ûnder de namme DreamTea.
Fan elts pûdsje tee fan likernôch tsien gram, giet 2 euro nei Giro555. De 14-jierrige froulju hoopje yn elts gefal 600 euro op te heljen mei de aksje.
10:34

Emiel en Sem sammelje in moai bedrach yn mei tekeningen

Emiel Sinnema (9) en Sem Kroles (10) hawwe yn Snits in moai bedrach ophelle mei tekeningen foar Oekraïne, dy't se oan de doar en by de supermerken ferkocht hawwe. Dat meldt Grootsneek.
Se hawwe trije dagen dwaande west en dêrmei 286,87 euro ophelle. It bedrach giet nei giro 555.
08:45

Sinneblompitten ferkeapje

Bern fan basisskoallen fan de koepel Arlanta, mei ferskate skoallen yn Noardeast-Fryslân, ferkeapje dizze wike sinneblompitten om sa jild foar Oekraïne yn te sammeljen.
08:40

Aksjes by skoalmienskip Simon Vestdijk

Op skoalmienskip Simon Vestdijk yn Harns en Frjentsjer ha learlingen ferskate aksjes betocht: de opbringst fan de skoalkantine wurdt donearre, der is in aksje mei staasjejild, der komt in sponsorloop en der wurde tostys en minypizza's bakt en ferkocht.
08:35

Oprop: meld jim aksjes by ús oan!

Dogge jim ek wat om jild yn te sammeljen foar Oekraïne? Meld it by de redaksje!
Dat kin op de mail: redaksje@omropfryslan.nl
08:33

Giro 555

© Giro 555
08:31

Al goed 21 miljoen euro op Giro555

Oan it begjin fan de dei wie al goed 21 miljoen euro binnen op Giro555.
08:25

Lanlike aksjedei op radio en telefyzje

Op tsien radiostjoerders is sûnt 6.00 oere de aksjedei begûn. Harkers kinne in nûmer oanfreegje yn ruil foar in donaasje.
Op telefyzje is om 20.30 oere op NPO1, RTL4 en SBS it programma 'Samen in actie voor Oekraïne' te sjen. Ek de trettjin regionale omroppen stypje de útstjoering.
08:20

Soldaten helpe by it flechtsjen

© ANP
08:15

Wolkom

Goeiemoarn! Op dizze lanlike aksjedei om jild yn te sammeljen fia Giro555 foar de slachtoffers fan de oarloch yn Oekraïne melde we wat by ús bekend is oan aksjes.