Fernijende Amerikaanske pleatsen yn Fryslân bondele yn boek

In iuw lyn wie de Amerikaanske pleats it bedriuw fan de takomst. Dochs binne der mar sechstjin boud yn Fryslân. Dizze bysûndere pleatsen steane no bondele yn in boek makke troch Hans de Haan en Jacob H.P. van der Vaart.
Skriuwers Jacob H.P. van der Vaart en Hans de Haan © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Alles foar de ko, want as it goed giet mei de ko, dan giet it ek goed mei de boer. Dat heart as in gedachte út de tiid fan no, mar hast hûndert jier ferlyn wie de soarch foar de ko al it útgongspunt foar de ûntwikkeling fan in nij soarte pleats yn Fryslân.
De Amerikaanske pleats soarge foar in grutte sprong nei foaren yn de meganisaasje fan it boerebedriuw. Hans de Haan en Jacob van der Vaart, beide ferbûn oan de Boerderijenstichting Fryslân, woenen dizze bysûndere pleatsen yn plakje jaan yn de Fryske agraryske skiednis en skreaunen der in boek oer.

Frisse lucht foar de kij

Boeresoan Lammert Simons Brouwer fan Minnertsgea wie begjin foarige iuw de grutte motor efter de nije Amerikaanske pleats op it Fryske plattelân. Hy stuts as jongfeint fan 20 jier yn 1911 de oseaan oer op wei nei Amearika.
Dêr seach er grutte pleatsen mei in soad ruten, frisse lucht foar de kij en in hege heasouder. De fernijingen naam hy hast tsien jier letter mei werom nei it heitelân.
In Amerikaanske pleats © Boerderijstichting Fryslân
Ien fan dy fernijingen wie de saneamde kowebûgel. Kij waarden eartiids yn in bûthús fêstmakke mei touwen. Yn gefal fan brân wie it in poepetoer foar in boer om syn kij fluch los te meitsjen en dat slagge faak ek net. Mei de nije izeren bûgel wie de ko mei ien klik los.

Gau efterhelle

Sa hurd as de Amerikaanske pleatsen boud waarden yn Fryslân, sa rap wie de modernisearring ek alwer efterhelle. Nei de Twadde Wrâldoarloch wie der gjin jild mear om soksoarte grutte pleatsen te bouwen. Boppedat stapten boeren oer op it meitsjen fan kuil yn stee fan hea.
Buro de Vries gie mei de skriuwers nei de earste Amerikaanske pleats yn Fryslân: Hoeve Leta yn Skarsterbrêge