Saakkundigen fine Fryslân in geskikt hurdfytsplak: "De wyn is ús berch"

Nei de Bloeizone Fryslân Tour is it noch net oer mei de hurdfytserij yn Fryslân. Snein stiet it folgjende evenemint op it programma: de Visit Friesland Elfstedenrace.
© ANP
De Elfstedenrace is in koers foar manlju fan UCI Continental teams. Dit binne lytse, semyprofesjonele ploegen. Ek de opliedingsteams fan Jumbo-Visma en DSM dogge mei.

Tsjin de klok yn

De wedstriid komt by de alve stêden del, mar dan wol tsjin de klok yn. It peloton giet dus as earst nei Dokkum en komt pas yn 'e neimiddei by Snits as lêste stêd foar de finish. De fytsers begjinne om 11.00 oere by it WTC yn Ljouwert en finishe nei alle gedachten tusken 15.30 en 16.00 oere by de Bonkefeart yn de Fryske haadstêd.
De rûte fan de Elfstedenrace © Merk Fryslân
Fryslân kin him dus opmeitsje foar nochris in hurdfytskoers yn de provinsje, mar is Fryslân eins wol in geskikt plak foar in hurdfytsronde? Want de provinsje is wol hielendal flak.

De wyn hâldt net op

"Foar in moaie koers hoecht der net altyd in heuvel yn te sitten. Ik sis altyd: de wyn is ús berch. De omstannichheden binne hjir miskien wol ekstra swier. In heuvel hâldt altyd wer op, de wyn net", seit hurdfytster Aafke Soet fan Team Jumbo-Visma.

Live by Omrop Fryslân

Dei Begjin útstjoering Etappe
Snein 14.45 oere Elfstedenrace (m)
Har ploechgenoate Anouska Koster is it mei har iens. "Ofrûne jier gie de Benelux Tour troch Fryslân. Doe wienen der allegearre waaiers. Dat wie in hiel spektakel."
Koster stippet dêr in punt oan dat koersen yn Fryslân unyk makket: de wyn. Neffens Andries Nieuwenhuis, omropper by sawat alle hurdfytswedstriden yn de provinsje, makket dat koersen yn Fryslân sa swier. "It dielnimmersfjild falt sa yn allegearre stikken útinoar."

Klinkertdykje

Ald-hurdfytser Eddy Schurer fynt dat je it parkoers altyd wol spannend meitsje kinne. "Sykje bygelyks in klinkertdykje op. Of troch in fiadukt mei de wyn op 'e kant. Je kinne altyd wol in parkoers mei lestige stikken betinke, want we moatte net allinnich mar wedstriden yn Limboarch organisearje."
In man begroetet de hurdfytsers mei in Fryske flagge by de Benelux Tour yn 2021 © ANP
It parkoers komt snein dus by de alve stêden del. De rûte hat troch de reedrydtocht hast mytyske proporsjes krigen. Amateurhurdfytsers dogge de tocht elts jier op pinkstermoandei, mar foar de profs is in alvestêdetocht gjin fêste prik.
Schurer hat him wolris fytst. "Yn 1988 einige ik earne yn de top tsien. It wie magysk om by de alve stêden del te gean: der komt mear publyk op ôf en alles is hiel werkenber."

Net op de bucketlist

"Tafallich ha ik de tocht yn 2020, yn de coronatiid, foar it earst fytst", seit Anouska Koster. "Ik hie altyd oare wedstriden by de fytsalvestêdetocht." Aafke Soet hat de tocht nea dien. "It stiet ek net op myn bucketlist. Ik haw der leaver in heuvel yn."
Koster tinkt dat it in goede ûntwikkeling is dat hjir serieuze wedstriden holden wurde. "No krijst it publyk werom. Jonge bern sjogge de fytsers tichtby hûs en tinke miskien wol: dit wol ik ek."
It is nedich ek, tinkt omropper Nieuwenhuis, want it hurdfytsen yn Fryslân kin wol in ympuls brûke: "Troch corona is de hiele kalinder wat weromfallen. Der sil fan ûnderen ôf opboud wurde moatte. Sokke wedstriden binne dan moaie promoasje foar de sport."