Listlûkers Súdwest-Fryslân sprekke har út tsjin 'Haat op Straat'

De alve listlûkers yn de gemeente Súdwest-Fryslân ha yn Snits it manifest 'Geen haat op straat' oanbean oan boargemaster Jannewietske de Vries. Dit yn ferbân mei de skelpartijen, bedrigingen en ynsinuaasjes yn de rjochting fan kandidaat-riedsleden.
Listlûkers tsjin 'Haat op Straat':
Yn Súdwest-Fryslân binne ek ferkiezingsbuorden fernield, bekladde of stellen. De politike partijen roppe elkenien op dat der konstruktyf kampanje fierd wurde kin, sûnder haat op strjitte.

Ferdieldheid

It is de listlûkers net dúdlik wêr't it weikomt. Fan links oant rjochts; alle partijen ha der lêst fan. Sa binne fan de sân troch Forum voor Democratie pleatste ferkiezingsbuorden noch mar fjouwer oer. Dat jildt ek foar oare partijen.
De listlûkers hoopje troch it goede foarbyld te jaan dat it ophâldt. Oft dat slagget mei in manifest, is noch mar de fraach, tinkt ek D66-listlûker Marieke Vellinga: "Der is in soad ferdieldheid ûntstien. Wy koenen ek kwealik de strjitte op om mei de minsken te praten. Dêr leit ús taak dan ek foar de kommende jierren."
Boargemaster Jannewietske de Vries naam it manifest yn ûntfangst. "Wy ha it no oer 'Geen haat op straat'. Dat moat 'praat op straat' wurde de kommende tiid. Dêr leit in dúdlike opdracht foar ús allegear. Want krekt no, mei alles wat der bart yn Oekraïne, moat dúdlik wêze dat demokrasy hiel belangryk is."
Harkje nei de bydrage fan ferslachjouwer Hayo Bootsma