Fryske steatefraksjes wolle opheldering oer fersyk geitestop

De provinsjale steatefraksjes fan PvdA, GrienLinks, Partij voor de Dieren, SP, D66 en 50PLUS wolle opheldering fan deputearre Klaas Fokkinga oer in mooglike geitestop yn de provinsje.
© ANP
Dit nei oanlieding fan it berjocht yn it agrarysk wykblêd Nieuwe Oogst, dat de minister van Lânbou oan Fryslân frege hat om in geitestop yn beried te nimmen.
Neffens de fraksjes foarmje de geitehâlderijen in risiko op longproblemen foar de omjouwing. Dêr wurdt op it stuit ûndersyk nei dien, mar troch it coronafirus rint it ûndersyk bot fertraging op. Salang't it ûndersyk net klear is, bestiet de kâns dat der mear geitehâlderijen nei Fryslân komme.
De PvdA, GrienLinks, Partij voor de Dieren, SP, D66 en 50PLUS ha dêr noed oer en freegje no oan deputearre Fokkinga om út foarsoarch oan Provinsjale Steaten in foarstel te dwaan foar in geitestop.