FryslânDOK: diel 2 fan 'Sykje sûnder ein'
It is yn maart fyftich jier lyn dat M.C. Escher ferstoar. Syn keunst is bekend oer de hiele wrâld. Diel 2 fan de searje 'Sykje sûnder ein' is dit wykein te sjen yn FryslânDOK. Sneon 5 maart by NPO2 en snein 6 maart by Omrop Fryslân.
De film 'Sykje sûnder ein' (orizjinele titel: 'Het oneindige zoeken') is yn 2018 útbrocht. Dat wie it jier dat der yn it Fries Museum in grutte Escher-tentoanstelling wie ta gelegenheid fan Kulturele Haadstêd.
Dêr kamen doe mear as 250.000 minsken op ôf. It wurk fan de keunstner M.C. Escher (Ljouwert 1898 - Hilversum 1972) bliuwt populêr.

De makkers fan de film 'Sykje sûnder ein' binne regisseur Robin Lutz en keunsthistoarika Marijnke de Jong. Sy hat alle brieven dy't Escher yn syn libben skreaun hat sammele, op folchoarder lein en analysearre.
It natuerwûnder
Foar it earst is folle dúdliker wurden wat Escher mei syn keunst bedoelde en neistribbe. Hy wie fassinearre troch it wûnder fan de natuer, it wûnder 'dat de sinne altyd wer opkomt'. It ûneinige. Hy hope dy ferwûndering mei syn keunst sjen te litten.

Maurits Cornelis Escher is berne yn it hûs dat no keramykmuseum Het Princessehof is. Hy die syn grafyske oplieding yn Haarlem. Doe wenne hy in skoft yn Italië en moete dêr syn frou Jetta. Sy krigen trije soannen.
Yn Italië hat Escher in soad tekene. Syn fassinaasje foar geometryske, werheljende foarmen ûntstie nei in besite oan it paleis Alhambra yn it Spaanske Granada.

Marijnke de Jong is keunsthistoarika en bestudearret op dit stuit de Italiaanske perioade fan Escher. Sy is mei-produsinte fan de film 'Sykje sûnder ein', dy't troch FryslânDOK yn trije dielen útstjoerd wurdt.

Op basis fan syn wiskundige en geometryske keunst soest tinke kinne dat Escher in rasjoneel, teoretysk man wie. Mar, seit De Jong, út de brieven en deiboeken fan Escher blykt dat hy just hiel gefoelich wie.
FryslânDOK 'Sykje sûnder ein', diel 2 (diel 1 op 26-27 febrewaris, diel 3 op 12-13 maart)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.