Stjoeramateur kriget 20 moanne sel foar mishanneling mei kneppel

In stjoeramateur fan De Westereen, dy't ôfrûne septimber in oare stjoeramateur mei in honkbalkneppel mishannele hat, is freed feroardiele foar besykjen ta deaslach.
Justysje © Shutterstock.com
Hy kriget tweintich moanne sel en tsien moanne ûnder betingst. It slachtoffer, in ynwenner fan Drachten, seit dat de fertochte twa jier lyn oan de plysje trochjûn hat dat de man fan De Westereen mei drank op nei Drachten ride woe.
Sûnt dat momint soe it slachtoffer falske beskuldigingen oan it adres fan de Westereender de eter ynslingere ha. Op 17 septimber kaam de fertochte nei Drachten, nei it hûs fan de kollega-eterpiraat, om't er 'de saak útprate woe'.

7500 euro smertejild

By it hûs rûn it behoarlik út de hân. Nei't de fertochte it rút fan de foardoar yntrape hie, kaam de bewenner mei in honkbalkneppel op him ôf. De man fan De Westereen koe de kneppel ôfpakke en sloech dermei werom, op de holle fan it slachtoffer. Dy hie dêrnei fjouwer sneden en barsten yn de holle.
It letsel hie neffens de rjochtbank noch slimmer wêze kinnen. De fertochte hie drank op doe't it barde.
De rjochtbank bepaalde dat de man him behannelje litte moat by de ferslavingssoarch. Hy mei trije jier lang net yn de strjitte fan it slachtoffer komme en gjin kontakt mei him sykje. Tsjinoer eltse oertrêding stiet twa wike sel mei in maksimum fan seis moanne. De Westereender moat 7.500 euro smertejild betelje oan de Drachtster.