Sauna's yn de knipe troch hege gasprizen: termostaat omleech gjin opsje

De enerzjyprizen brekke rekôr nei rekôr. Dat soarget yn it bedriuwslibben foar in soad pine. Foar boeren binne lege kassen goedkeaper en guon fabriken draaie sels op heale krêft. Ek sauna's ha der bot fan te lijen.
"De gasrekening bedraagt straks meer dan tien procent van onze omzet"
Dat de enerzjyprizen de hichte ynsjitte, fernimt de konsumint oan alles. Sa stiet de priis foar in liter benzine al hast op 2 euro 30 en ek de gewoane boadskippen yn de supermerk wurde hast mei de wike djoerder. Thús soene je de termostaat miskien in pear graden leger sette, mar foar sauna's is dat gjin opsje.

'Gigantische bedragen'

De besikers fan sauna De Woudfennen op De Jouwer lykje harren net al te bot soargen te meitsjen. "Myn frou docht de administraasje," seit in wat âldere man. "Ik skrik der sels net sa gau fan as de gasrekken op de doarmatte ploft." Wat fierderop seit in frou dat se thús de ferwaarming wol in pear graden leger sette sil. "Je probeert er rekening mee te houden, wat kun je anders?"
Wa't him wol soargen makket, is de eigener fan de sauna. Frank Smits hat útrekkene dat hy aansten mear as tsien persint fan syn omset kwyt is oan syn enerzjyrekken. Earder wie dat goed foar fjouwer persint. "Dan gaat het om gigantische bedragen. We verwarmen er de zwembaden mee, de sauna's, het bubbelbad, de verwarming van het pand, noem maar op. Dus als ze mij deze maand vergeten bij het energiebedrijf ben ik daar niet rouwig om."

Gjin aksjes mear

Boekhâlder Jelle knikt as Smits fertelt oer de hege gaspriis. "Wy ûntkomme der net oan om ús prizen in bytsje te ferheegjen. De grins is eins berikt, want wy kinne neat mear ha. Mar as wy alles trochskowe nei ús gasten, wurde de prizen te heech. Dus we sille sels ek ynleverje moatte."
Smits wol eins net oan de yntreepriis komme. "We kunnen deze rekening niet alleen bij de gast neerleggen. Maar misschien dat we de prijzen in ons restaurant of voor bepaalde behandelingen wat omhoog moeten doen. En wat je vooral gaat zien is dat we geen acties meer doen, zoals in het verleden. Geen 'twee-voor-de-prijs-van-één aanbieding' meer. Dat kan echt niet meer."