Makker Batavus- en Koga-fytsen boekt mear winst nettsjinsteande tekoarten

Fytsefabrikant Accell, memmebedriuw fan merken as Sparta, Batavus en Koga, hat ferline jier in flink hegere winst boekt as in jier earder.
De fytsfabryk fan Batavus op It Hearrenfean © ANP Foto
Nettsjinsteande tekoarten oan ûnderdielen ferkocht it Feanster bedriuw mear fytsen. Trochdat benammen djoerdere modellen en fytsûnderdielen yn de smaak foelen, soarge dat ek foar hegere marzjes.

Hegere kosten

"In 2021 domineerden internationale problemen in de toeleveringsketen het jaar", meldt topman Ton Anbeek yn in taljochting op de jiersifers.
"Om daarmee om te gaan hebben onze medewerkers serieuze maatregelen genomen om de impact te verzachten." Ien fan de maatregels wie it trochberekkenjen fan hegere kosten by de ferkeap fan fytsen en ûnderdielen.

Unwissens

De operasjonele winst, dêr't rintebetellingen en belestingen noch net fan ôflutsen binne, gie mei goed 47 prosint omheech oant 110,1 miljoen euro. Ek de omset gie omheech, mar mei in taname fan krekt wat mear as 6 prosint oant 1,4 miljard euro wie dy groei minder sterk. De nettowinst kaam út op 70 miljoen euro.
Accell, dat ek merken Babboe, Lapierre en Raleigh besit, sil ek dit jier noch te krijen hawwe mei ûnwissens om de beskikberens fan ûnderdielen hinne. Dêrom hâldt it bedriuw gruttere foarrieden oan as foarhinne, wat dat ûndernimmingen foarhinne leaver net diene omdat dit de kasstream rekket.

Oername

Fytsen wurdt neffens Accell hieltyd populêrder, ûnder oare troch oerheidssubsydzjes om it ferfiermiddel te promoatsjen en de oerstap dy't in soad minsken meitsje op elektryske fytsen.
De Amerikaanske ynvestearder KKR sjocht dêrom ek in soad heil yn it bedriuw. In groep ynvestearders ûnder lieding fan KKR makke yn jannewaris bekend Accell te keapjen foar 1,6 miljard euro.