De toan fan Nelleke IJssennagger: "Trochfytse"

Meardere Toanen Fan steane dizze wike yn it teken fan de oarloch wat moatte je oars as kollumnist? Ek yn gesprekken op oare plakken fiert oarloch de boppetoan.
De toanen dy't we hearre binnen ôfwikseljend toanen fan eangst, fan hoop, fan fertriet, fan solidariteit. Alle dagen is it wer de fraach wat der dy dei barre sil yn de oarloch dy 't ûnder ús eagen fierd wurdt en hoe't wy ús dêrta ferhâlde kinne.
De toanen giel en blau siere op in soad plakken de strjitten as teken fan solidariteit, minsken roppen inoar mear en mear op wat te dwaan of te jaan. De toan fan dizze wike is dêrtroch ek de toan fan selsrefleksje, refleksje op ús eigen libben. Want wy hawwe it sa goed en dat winskje we in oar ek ta.
CNN toande de wûnderlike bylden fan in lege strjitte yn Kiev, dêr't in iensume hurdfytser nei twa tanks mei twa soldaten fytst. De man, klaaid yn fytsklean, hie besletten nettsjinsteande de oarloch gewoan syn rûtine te behâlden. Gewoan trochfytse, wat moatte je oars?
Oft it ferhaal wier is of net wurdt yn dizze tiden betwivele, mar nettsjinsteande dat is it in sterk byld dat benammen by Nederlanners in snaar rekke.
"Ik sil nea wer in ferlechje betinke om net te fytsen", sei ien fan ús lângenoaten online nei it sjen fan de foto. Oaren foelen him by. "Wat seure wy eins as wy wat te fier fytse fine, yn dit lytse lân mei ôfstannen dêr't oare lannen om laitsje." "Wat binne wy dochs bedoarn yn dit lân dêr't aanst gjin gewoane fyts mear te krijen is, allinnich noch in e-bike, wylst der gjin heuvels binne om tsjinop te fytsen." "We kleie in soad, mar ha eins neat te kleien, we sille ús tenei better gedrage!"
Yngripende barrens hawwe it effekt dat se dy ynienen oars sjen litte. Nei de wrâld, nei oare minsken, mar ek nei dyn eigen libben, nei dyn karren, nei dyn gewoanten, nei dysels. In oar kapsel neidat dyn relaasje út is, sûner ite nei't in dierbere ferstoarn is, better op dyn ekologyske fuotprint lette nei de oerstreamingen of betinke hoe goed asto it eins hast passe der allegear by.
Ek de koronakrisis hie sa'n ympakt. Nei't earst elkenien koronakilo's sammele hie, giene we allegear oan it thússfitnessen mei fitnessgoeroe's. Wy kochten yogamatsjes, dumbbells en springtouwen en namen ús foar de nije libbensstyl ek nei de coronatiid troch te setten.
No't we allegear ynienen thús oan it wurkjen wiene, ûntdutsen we dat dat foardielen hat omdat we de tiid dy't we oars yn de trein sieten op de yogamat trochbringe koenen. Of wy ûntdutsen dat it krekt net wurke, omdat wy blykber ynput fan kollega's nedich hawwe, en sa pasten wy ús wurkgewoanten oan.
In soad minsken beseften yn dy perioade dat har wurk hielendal net mear foldie. Al jierren twivelen se deroer wat oars te dwaan, mar eins kaam dat der nea fan. En no wie dêr ynienen it triuwke om it dochs te dwaan. Yn it Ingelsk hjit dizze perioade dêrom "The Great Resignation of 2021".
Mar de útsûndering fan de baanwikseling dêr litten, binne de feroaring yn ús libben faak fan koarte doer. Sadree't de prikel fuort is, ferfalle wy wer yn âlde gewoanten. Elkenien hopet dat de prikel dy't ús no sa oangripet aanst fuort is, mar ek wannear't dy fuort is sil de wrâld der nei dizze foarfallen oars útsjen. Dat is yngripend.
Wat bart der dan mei de refleksje op ús eigen libben? Sille wy yndied minder kleie en mear fytse? Miskien bliuwe we wol gewoan sa trochfytsen. Wat moatte je oars? Mar as we trochfytse, hoopje ik dat dat in bewuste kar is, dy't yn frijheid makke is. Ik winskje elkenien op de wrâld dat trochfytsen ta."