OVEF-direkteur: 'Inkelde iepeningen om fan Gazprom ôf te kommen'

It is mooglik foar de Fryske oerheden om fan it kontrakt mei Gazprom ôf te kommen. Dat tinkt Isolde den Haring, direkteur fan Coöperatie Openbare Verlichting & Energie Fryslân.
© ANP Foto
"We hebben natuurlijk meteen de meest deskundige bureaus in Nederland daarvoor ingeschakeld om een advies specifiek op de Friese situatie te schrijven. Daarin zitten enkele openingen die we verder moeten gaan onderzoeken", seit Den Haring.
Dy iepeningen binne neffens de direkteur in juridysk yngewikkeld ferhaal. "Heb je toevallig iets over oorlog gezegd, dan is dat op dit moment de oplossing natuurlijk. Maar dat hebben wij niet."

Oanbesteging

De kommende trije moannen sille de Fryske oerheden yn elk gefal noch ôfhinklik wêze fan Gazprom, om't in Europeeske oanbesteging minstens dy tiid duorret.
"Daarnaast is het zo dat momenteel alle leveranciers hebben gezegd: wij schrijven niet eens in op een Europese aanbesteding, want we hebben geen idee wat de markt gaat doen. De markt is ook al een week gesloten. Dus je kan überhaupt niet eens handelen."

Alternativen

Yn totaal giet it by de Fryske oerheden om sa'n 5,9 miljoen kubike meter gas. Dat wurdt benammen brûkt om it provinsjehûs en gemeentehuzen te ferwaarmjen.
Der wurdt op it stuit socht nei alternativen. "Mestvergisters bijvoorbeeld. Omrin is daar mee bezig. Maar er zijn ook alternatieven die echt nog in de kinderschoenen staan en die nog lang niet definitief zijn. Daar moeten we naar gaan kijken", seit Den Haring.
Isolde den Haring, direkteur fan OVEF