Femke Kok fernuvere dat se passearre is foar de teamsprint

Reedrydster Femke Kok wie ûnoangenaam ferrast dat se net selektearre is foar de wrâldtitelstriid op de teamsprint dy 't sneon ferriden wurdt.
Femke Kok © Orange Pictures
"Doe't ik hearde dat ik net opsteld wie fielde ik my wol passearre", sei de sprintster by de NOS. "Dêr skrok ik wol fan, want ik wit net oan watfoar easken ik foldwaan moatte soe, as dit net genôch is."

Binnenharke

Kok wiisde der noch op dat sy mei Michelle de Jong en Marrit Fledderus it startplak op de teamsprint foar de WK "binnenharke" hie by de wrâldbekerwedstriid yn Stavanger, "doe't oaren net ride woene".
De bûnscoach keas lykwols njonken Jutta Leerdam foar Marrit Fledderus fan Sint-Nyk en Isabelle van Elst. "De bûnscoach joech in oantal redenen en wie it net mei my iens. Ik bin it hiele jier de rapste en wurd net opsteld", utere Kok har ûnbegryp.
"Spitich dat ik myn titel net ferdigenje kin dy't ik twa jier lyn mei Jutta en Letitia de Jong ferovere ha yn in wrâldrekôr."

WK sprint

De sprintster stiet nei de earste dei fan de WK sprint twadde efter Leerdam. Kok hie benammen hope dat se mear tiid op har konkurrinte pakke soe op de 500 meter, wêryn't se mei 37,78 de rapste wie.
"Myn start gie mei haperingen. Dêr ferlear ik in soad snelheid, mar ik ried wol in goed rûntsje. Dat is wol spitich, want oars hie ik in gruttere foarsprong pakt."