VC Snits leit Vera Koenen fêst as nije haadtrainer

Vera Koenen is takom jier de einferantwurdlike by VC Snits. Koenen is no noch trainer fan lânskampioen Sliedrecht Sport.
Vera Koenen © Orange Pictures
De Snitser follybalklup wie al in skoft op syk nei in trainer. Jeffrey Scharbaai hold ein 2021 op as trainer fan VC Snits om't hy syn funksje as trainer net goed kombinearje koe mei syn priveelibben en baan.

Ter Steege wer assistint

Assistint-trainer Henriëtte ter Steege naam dêrnei de taken fan Scharbaai oer. Ter Steege sil dit seizoen ek ôfmeitsje as trainer. Takom seizoen sil se har posysje as assistint wer ynnimme.
Koenen hat as trainer twa kear de lânstitel en twa kear de beker wûn. Ek ferovere se fjouwer kear de Supercup.