Wâl Blauforlaet by Bûtenpost tige min: Achtkarspelen slút dyk ôf

De gemeente Achtkarspelen hat de diken en berms oan beide siden fan de brêge Blauforlaet by Bûtenpost ôfsletten. Neffens Rykswettersteat is de wâl yn sa'n minne steat dat der maatregels nommen wurde moatte.
De brêge 'Blauwverlaat' © Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk
"De feilichheid fan ús ynwenners is it belangrykste. De situaasje is hiel ferfelend foar de bewenners en de maatregels soargje foar oerlêst foar weibrûkers, mar we wolle gjin risiko's nimme", seit wethâlder Max de Haan.

Oerlêst foar it ferkear

De wenten oan de Blauforlaet binne noch wol te berikken fia de noardside, mar de dyk wurdt fierder ôfsletten foar motorisearre ferkear. Fiskjen op de wâl is net tastien.