Femke Kok moat yn de efterfolging op WK sprint

Femke Kok fan Nij Beets stiet nei de earste dei fan it WK sprint yn it Noarske Hamar op it twadde plak. Kok wûn de earste 500 meter, mar op de 1.000 meter waard se twadde.
Femke Kok © Orange Pictures
Kok sette op de 500 meter in tiid fan 37,78 del. Dat wie flugger as alle oare riders.
De oare Friezinne, Michelle de Jong, moast it yn har rit ôflizze tsjin de Eastenrykse Vanessa Herzog. De Jong kaam ta in tiid fan 38,27, tsjinoer de 37,93 fan Herzog. De Jong einige úteinlik op it sechsde plak. Herzog wie de nûmer twa.

Leerdam falt ôf

De Nederlânske favoryt Jutta Leerdam foel ôf mei in tiid fan 38,11. Dat wie goed foar in fiifde plak. De Harnzer Ellia Smeding, dy't útkomt foar Grut-Brittannië, einige op it fyftjinde plak yn in tiid fan 39,27.
Leerdam moast terrein goedmeitsje op Kok op de 1.000 meter en dat slagge: Leerdam finishte yn 1.14,88, Kok yn 1.15,69. Leerdam giet dêrmei oan de lieding yn it klassemint. Kok is de nûmer twa.

Smeding flugger as De Jong

Michelle de Jong sette op de 1.000 meter in teloarstellende 1.17,95 del. Se waard dêrmei alfde. Ellia Smeding wie flugger: sy finishte yn in tiid fan 1.17,78, goed foar it tsiende plak.
Yn it klassemint is Smeding ek de nûmer tsien. De Jong is foarearst sande.