Unbekenden stelle en ferniele hûnderten ferkiezingsaffysjes yn Súdwest-Fryslân

Ferkiezingsaffysjes fan de partijen dy't meidogge oan de gemeenteriedsferkiezingen, wurde op grutte skaal fernield en stellen. De alve partijen nimme it heech op en ha mei-inoar in manifest opsteld, om't it hieltyd slimmer wurdt.
De ChristenUnie hat it sels oer in 'oanfal op de demokrasy'; de partij hat dêrom ek oanjefte fan de stellerij dien. Gert Schouwstra, de nûmer 2 fan dizze partij, rûst de skea dy't de partijen hawwe op 'seker 10.000 euro'.
Marianne Poelman, nûmer 4 fan de Partij van de Arbeid, fynt it ek ferfelend foar alle frijwilligers dy't harren sa ynsette om alle stêden en doarpen yn de gemeente fan posters te foarsjen. It is foar harren in grutte teloarstelling as de posters de oare moarns fuort binne of fernield binne.

160 buorden stellen

Sa slim as no wie it net earder. "We hebben gisteravond een campagne-overleg gehad en geïnventariseerd, en we komen op 160 borden die echt gestolen zijn", seit Poelman.
Wat ek foarkomt is dat der oer in ferkiezingsposter in oar affysje plakt wurdt, lykas dy fan 'The Great Reset'. Dat barde bygelyks yn Makkum. Schouwstra: "Dat affysje mei der fan my ek wêze, mar je hearre it net op in ferkiezingsposter te plakken." Yn de Legeaën binne alle posters neffens Schouwstra yn de sleat bedarre.
Ferkiezingsposters Súdwest-Fryslân
Op inisjatyf fan CDA en D66 wurkje de dielnimmende partijen mei-inoar oan in manifest ûnder de titel 'Geen haat op straat'. "Dat gaat wat verder dan deze borden, het gaat erover dat we geen haat op straat accepteren", seit Poelman. "Dat is de oproep: netjes campagne voeren, met respect voor elkaar."
"We romje de buorden fan inoar op as we se fine", seit Schouwstra. "Ik set se fêst as ik fan D66 in boerd tsjinkom dat los sit. Oaren dogge dat ek." As de partijen losse buorden tsjinkomme fan in oare partij dy't noch brûkt wurde kinne, dan wurde dy freonskiplik útwiksele.

Untefreden

Wa't de dieders binne is net bekend, mar de kandidaat-riedsleden hawwe wol harren ideeën oer wat der efter sitte kin. "'Ontwrichting' fan de demokrasy", neamt ChristenUnie it. "Guon minsken binne ûntefreden oer hoe't it giet. Dan binne der miskien in pear aktivistyske eleminten en mei tsien man kinne je in hiel soad buorden opromje."
Ek Poelman giet út fan in 'organisearre aksje' tsjin benammen de tradisjonele partijen. It is har opfallen dat affysjes fan Forum voor Democratie yn ferhâlding opmerklik faak hingjen bliuwe. Dizze partij brûkt dan ek in oare technyk fan ophingjen: se plakke de posters by foarkar op elektrisiteitkastjes, wêrtroch't se lestiger te fernielen binne.
Marianne Poelman en Gert Schouwstra oer it fernielen en ferdwinen fan ferkiezingsposters