Fryske famylje makket nij programma foar Omrop Fryslân Tsjil

Omrop Fryslân Tsjil komt mei in nije searje foar de middenbou: 'André & Alfred: De Kartonnen Tiidmasine'. It giet oer de Fryske skiednis.
© André & Alfred
Wat it programma bysûnder makket, is it betocht is en makke wurdt troch ien famylje, de famylje Dinjens-Brouwer út Ljouwert.
Soan Lennart (12) en heit Tonnie hawwe de rige ûntwikkele en spylje de haadpersoanen André & Alfred. Mem Rimy soarget foar de styling en soan Victor (9) draait mei op de filmset.

Poppen

André & Alfred: De Kartonnen Tiidmasine is in aventoerlike searje dy't spile wurdt mei ferskate poppen. André en Alfred, de tûke soan en ympulsive heit, moatte tegearre grutte gefaren oerwinne. Se ûndersykje de Fryske skiednis mei harren tiidmasine. Se nimme de jonge sjoggers mei op aventoer en besykje te efterheljen wat efter al dy ûnderwerpen skûlet.
De rige biedt op in fleurige en grappige wize in earste stap nei de kennis fan de bysûndere skiednis fan Fryslân.
Einredakteur Janjelle Ringnalda
De programma's ha as doel bern mei grappige aventoeren te ynteressearjen foar de Fryske skiednis. "Bern en professionals meitsje dizze rige tegearre, wêrby't de ynhâld en grappen út de kreativiteit en belibbing fan bern ûntstiet. Sa biedt de rige op in fleurige en grappige wize in earste stap nei de kennis fan de bysûndere skiednis fan Fryslân", seit einredakteur fan Omrop Fryslân Tsjil, Janjelle Ringnalda.

De famylje Dinjens-Brouwer

Lennart, syn âlders Tonnie en Rimy en broerke Victor wurkje allegear mei oan de rige. Tonnie en soan Lennart filmje en spylje de poppen André & Alfred. Mem Rimy soarget foar de klean en spilet Sofia yn de searje. Broerke Victor draait mei op de filmset en spilet Terry. De hiele hûshâlding Dinjens-Brouwer wurket dus mei oan dizze nije rige foar Omrop Fryslân Tsjil.
Mear ynformaasje oer de nije rige André en Alfred is te finen op Omropfryslan.nl/tsjil.