Feanster Merel Bosma opnij tredde by Grand Prix op Sweedsk natueriis

Merel Bosma fan It Hearrenfean is opnij tredde wurden yn de Grand Prix op natueriis yn de Sweedske stêd Luleå. It wie de tredde kear dat de mannen en froulju yn aksje kamen yn de Grand Prix.
Merel Bosma © Timsimaging.nl
Bianca Bakker fan Wynjewâld waard sechsde. By de earste Grand Prix waard Bosma ek tredde.
De earste priis by de froulju gie opnij nei Ineke Dedden. By de manlju yn de Grand Prix wiene der gjin Friezen dy't in plakje op it poadium krigen. By de manlju waard Evert Hoolwerf earste.

Grand Prix

De Grand Prix yn it Sweedske Luleå, net fier fan de poalsirkel ôf, bestiet út in rige wedstriden fan ferskate ôfstannen tusken de 30 en 200 kilometer. Sân jier lyn wie de earste edysje. De omstannichheden binne faak swierder as op de Weissensee yn Eastenryk, fanwegen de hurde wyn en kâlde temperatueren.
Foar snein stiet de Alternative Alvestêdetocht, dat as de finale sjoen wurdt, op it programma.
Merel Bosma nei ôfrin fan de race: