Programmapresintaasje Arcadia by it reuzerêd yn Ljouwert: "Alles draait wer"

Al dagen stiet in grut reuzerêd tsjinoer it stasjon yn Ljouwert. Tongersdei waard bekend wat it der krekt docht: op de lokaasje waard it programma fan Arcadia bekendmakke, it ferfolch op Kulturele Haadstêd 2018.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Arcadia is in soarte fan opfolger fan kulturele haadstêd: om de trije jier sil der in saneamde kulturele manifestaasje yn Fryslân plakfine. Dit jier set it útein op 6 maaie: hûndert dagen lang is der in protte te belibjen op it mêd fan kultuer. "Alles draait wer", sizze se by Arcadia, en dêr stiet it reuzerêd symboal foar.

Kulturele Haadstêd

It kuierjende bosk dat fan 7 maaie ôf yn Ljouwert komt, waard earder al oankundige. Artistyk lieder Sjoerd Bootsma lit lykwols witte dat der noch folle mear op it programma stiet: "Er zijn veel grote locatievoorstellingen, van voorstellingen op het Oudemirdumer klif tot in de Sluisfabriek in Drachten, en tot in een rijdende vrachtwagen rondom Leeuwarden."
Bootsma: "We hebben veel projecten waar jongeren in meedoen en die door jongeren zelf gemaakt worden. Er doen ongelooflijk veel mensen aan mee om het tot een succes te maken."
Programmapresintaasje Arcadia
It programma fan Arcadia liket op dat fan Kulturele Haadstêd, mar Bootsma ûnderstreket dat it lytser is. "Het wordt weer gemaakt door heel veel verschillende Friezen en mensen van buiten Fryslân. Het is misschien wel minder dan tijdens Kulturele Haadstêd, mar het is wel meer gefocust."

Twa tredde fergees en yn de bûtenloft

De coronapandemy hie ek konsekwinsjes foar Arcadia. "Het was een heel lastige tijd om iets nieuws van de grond te krijgen. Een organisatie volhouden tijdens corona is pittig, maar een nieuwe organisatie opzetten was gewoon echt pittig."
Yn de programmearring is ek rekken holden mei de pandemy. Bootsma: "Ik denk dat twee derde van ons programma gratis is en twee derde in de buitenlucht zal zijn."
Artistyk lieder Bootsma út it Reuzerêd yn Ljouwert wei