Treinferkear tusken Ljouwert en Grins leit oeren plat troch steuring

It treinferkear tusken Ljouwert en Grins hat sawat de hiele moarn stillein. Neffens ferfierder Arriva wie der in sein- en wikselsteuring op it trajekt tusken Hurdegaryp en Bûtenpost. Om 11.30 oere hinne wie de steuring ferholpen.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Troch de steuring koene de treinen net ride. Arriva hat bussen ynset om de reizgers te ferfieren. Der moast rekken hâlde wurde mei in fertraging fan minimaal in oere.
De treinen ride no wer neffens tsjinstregeling, seit it ferfiersbedriuw.