Bloeizone Fryslân Tour is "een lange commercial voor de provincie"

Mei de Bloeizone Fryslân Tour foarmet ús provinsje de kommende trije dagen it episintrum fan it profesjonele frouljushurdfytsen. Fryslân hat al jierren ambysjes yn it ynternasjonale hurdfytsen.
Ellen van Dijk fan Trek-Segafredo is ien fan de favoriten by de Bloeizone Fryslân Tour © ANP
Njonken de Bloeizone Fryslân Tour sil dizze wike ek in hurdfytswedstriid foar manlju ferriden wurde yn ús provinsje. De Visit Friesland Elfsteden Race is de earste ynternasjonale hurdfytswedstriid foar manlju yn Fryslân yn goed tsien jier. Dy Elfsteden Race is kommende snein.

Grutte ronde

Beide wedstriden binne trouwens noch mar in beskieden ôfspegeling fan de ambysjes dy't Fryslân koesteret. Jierren lyn waard út Deputearre Steaten wei de winsk útsprutsen om op termyn ien fan de trije grutte hurdfytsrondes nei Fryslân te heljen. Dat soe nammentlik in grutte promosjonele en ekonomyske wearde hawwe foar de provinsje.
Ofrûne jier lobbyde de provinsje noch by de direksje fan de Giro d'Italia om de start fan dy hurdfytskoers yn de kommende jierren nei Fryslân te krijen. Dochs is it de provinsje noch hieltyd net slagge om in etappe fan ien fan de grutste hurdfytswedstriden op de wrâld binnen te heljen.

Ynternasjonaal publyk

Yn de ôfrûne jierren hawwe lytsere koersen ús provinsje wol oandien. It giet dan bygelyks om de Benelux Tour dy't yn 2021 in etappe toch it noardeasten fan Fryslân hie. Troch de hurde wyn ûntstie doe in spektakulêre etappe, dy't ek noch ynternasjonaal útstjoerd waard op Eurosport.
Dat lêste wie ien fan de redenen wêrom't Merk Fryslân him as sponsor ferbûn hat oan de twa koersen fan dizze wike. "Ze vliegen met helikopters over Fryslân om de koers zo goed mogelijk in beeld te brengen. Eigenlijk is het een lange commercial voor de provincie", seit Bouke Kors fan Merk Fryslân.

Live op tv by Omrop Fryslân

Dei Begjin útstjoering Etappe
Tongersdei 13.30 oere Yndividuele tiidrit (f)
Freed 14.00 oere Eastermar - Bakkefean (f)
Sneon 11.30 oere Drachten - Drachten (f)
Snein 14.45 oere Elfsteden Race (m)
Neffens Kors is it foarnaamste doel fan Merk Fryslân om in grut publyk te berikken. Dêrnjonken hat de marketingsorganisaasje de ambysje om fan de Elfsteden Race in saneamde 1.1-race te meitsjen. Dat betsjut dat it nivo fan de koers heger komt te lizzen en dat der bettere riders nei ta komme.
"Dan heb je nog meer publiek en kijkers in een periode waarin het juist toeristisch rustiger is. Dat is ontzettend gunstig voor ondernemers."
Neffens Kors hat Merk Fryslân de ambysje om de koersen meardere jierren te sponsorjen. "We moeten natuurlijk wel kosten en baten wel afwegen, maar het heeft alles in zich om een succes te worden."
De rûte fan tongersdei © Merk Fryslân
Tongersdei set de Bloeizone Fryslân Tour útein. Oan dizze etappekoers foar froulju docht ek de Friezinne Aafke Soet fan Team Jumbo-Visma mei.
Soet hat der bot nocht oan. "Dit is supermoai. Ik tink dat dit de twadde wedstriid oait is dy't ik yn Fryslân fyts." De twadde etappe fan freed is foar Soet ekstra spesjaal. "De finish leit dan presys efter it hûs fan myn beppe."

Tiidrit

De etappe fan tongersdei is in tiidrit yn de omkriten fan Surhústerfean. Om 12.30 oere start de earste rider fan de Warreboslaan ôf. Fia Boelensloane en De Houtigehage ride de fytsers dan wer werom nei Surhústerfean. De finish leit oan De Ketting yn it doarp.