Haulerwyksters skriuwe polityk om ergerlike klinkers Norgerwei

Lûdsoerlêst, trillingen yn 'e hûs en by guon sels skuorren yn de muorren: de klinkers fan de Norgerwei yn Haulerwyk soargje foar in soad oerlêst. Omwenners ha har nocht en wolle dat de klinkers plak meitsje foar asfalt.
De Norgerwei yn Haulerwyk © Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
"Ik wenje hjir net mear sa noflik", seit Henk Beijert. Syn hûs stiet krekt op de râne fan it doarp, by it komboerd. It is ek it plak dêr't de asfaltdyk ophâldt en oergiet yn klinkers. "Der sit in râne by dy oergong. Dat soarget foar de trillingen en foar oerlêst", fertelt Beijert. "It is ea betocht om de snelheid der út te heljen mar dat slagget net."
Bûten it doarp meie je 60, as je it boerd foarby binne is de maksimumsnelheid 30. "Der is hast net ien dy't 'm dêr oan hâldt", jout Beijert oan.

Hantekeningen sammelje

Beijert hat mei trije oaren út de strjitte op 'en paad west om hantekeningen te sammeljen. Om de gemeenteried te oertsjûgjen de dyk oan te pakken. Fan de hast 100 omwenners hat twa tredde de petysje ûndertekene.
De oanwenjenden wolle dat de gemeente yn aksje komt. Beijert: "Wat wy wolle is simpel: 500 meter asfalt. En krekt wat fierderop in sebrapaad foar de bern sa't dy feilich oerstekke kinne."

Wethâlder sjocht it net sitten

De gemeente Eaststellingwerf wol der lykwols net yn mei. By de ried stelde wethâlder Marian Jager-Wöltgens dat it lizzen fan asfalt gjin oplossing opsmyt. It is folle djoerder, sa stelt de wethâlder, en it helpt ek net by it omleech bringen fan de snelheid.
Jager-Wöltgens wol mooglik wol sjen nei in wat 'geleidelijke overgang' fan asfalt nei klinkers.
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
De omwenners binne it der net mei iens. Neffens har lizze de kosten no ek heech. Beijert: "Sy hawwe de dyk hjir sawat in jier lein oanpakt. Der sitte no alwer kûlen yn. Dy kear op kear opknappe kostet ek in soad jild."

Brief nei riedsleden

De omwenners hawwe kandidaat-riedsleden fan alle partijen in brief stjoerd. Sy hoopje dat dy nei de ferkiezingen sjen wolle nei oanpassing fan de Norgerwei yn Haulerwyk.