WK sprint gjin neigesetsje foar Kok en De Jong: "Hjir wolst prestearje"

Reedrydsters Femke Kok en Michelle de Jong debutearje tongersdei op it wrâldkampioenskip sprint. Ek al wienen de Olympyske Spelen dit seizoen it wichtichste toernoai, dochs hoopje beide Fryske froulju op suksessen op it WK.
De Jong en Kok binne noch mar krekt bekaam fan de Olympyske Spelen:
Lykas twa jier lyn is it Noarske Hamar it toaniel fan it WK sprint en allround. Dêr is it, yn tsjinstelling ta Fryslân, echt winterwaar. "It is glêd bûten, dus it is oppassen dat we ússels net blessearje", sizze Femke Kok en Michelle de Jong.

Mar in wike thús west

Ferline wike moandei kamen Kok en De Jong werom út Peking. Ofrûne moandei sieten se alwer yn it fleantúch nei Noarwegen. Se hawwe dus in wike thús west tuskentroch. "Dat is natuurlijk niet veel", fynt De Jong.
"Je zou iets langer thuis willen zijn, maar het is wel een heel mooi vooruitzicht dat we een WK sprint hebben. En er mag weer publiek komen, dat geeft weer een kick", seit de 22-jierrige reedrydster.
De Olympyske Spelen wie dit seizoen it grutte doel, mar dat betsjut net dat se it WK sprint as in neigesetsje sjogge, fertelt Kok. "De Spelen is it toernoai dêr'tst it hiele seizoen nei tawurkest. Dit komt der by. Mar hjir wolst ek prestearje en goed yn foarm wêze. It hat wol in oare oanrin as by de Spelen."
De Jong en Kok oer it ûntbrekken fan de Russen, harren kânsen en de favoriten:
Kok en De Jong sille yn alle gefallen gjin Russen tsjinkomme op it iis yn it Vikingskipet, it iisstadion yn Hamar. De Russyske reedriders meie net meidwaan fan ynternasjonaal reedrydbûn ISU, fanwege de oarloch fan harren lân mei Oekraïne.

Spitich foar Russyske kollega's

Beide Fryske froulju fine it spitich foar harren Russyske kollega's. De Jong: "Zij kiezen er ook niet voor dat dit allemaal gaande is in de wereld. Voor de schaatsers is het super balen. Maar als het een soort reden voor Rusland is om te denken; misschien moeten we maar kappen met al die onzin, dan is het goed."
"As sporter is it hiel frustrearjend", seit Kok, dy't de ôfrûne seizoenen in soad yn 'e slach wie op it iis mei Russinne Angelina Golikova. "Dy Russyske sprintfroulju wurkje ek it hiele seizoen nei dit soart wichtige wedstriden. As je dan útsletten wurde, is it wol hiel bot bale foar se. Dat gunst gjinien."
Ik wol foar it poadium gean. Dat is wis wol in doel.
Femke Kok debutearret op it WK sprint
Minder konkurrinsje betsjut wol dat se mooglik heger einigje kinne. Hoe sjocht it twatal fan Team Reggeborgh nei de kânsen? De Jong ferwachtet folle fan de tredde Nederlânske rydster: "Ik denk dat Jutta Leerdam de grote favoriet is. Daaromheen maakt Femke een grote kans."
Kok: "Ik wol foar it poadium gean. Dat is wis wol in doel."

De Jong wat hoedener

De Jong waard ein jannewaris Nederlânsk kampioen sprint en pleatste har dêrom foar it WK. Sy is wat foarsichtiger: "Als iedereen aan de start zou staan, zou ik voor de top acht gaan. Of ik nu naar de top vijf zou klimmen, misschien wel. Dat zou wel heel mooi zijn. Misschien zit er nog wel meer in, maar daar wil ik niet teveel naar kijken."
De wurgens nei in drok seizoen slacht ta by Michelle de Jong:
It WK sprint is it ien-nei-lêste toernoai foar beide froulju fan dit seizoen. It hat in drok seizoen west, benammen foar De Jong. Dy ried alle fjouwer de wrâldbekers, twa NK's, it OKT en de Olympyske Spelen.
Femke Kok en Michelle de Jong yn it Vikingskipet yn Hamar © Orange Pictures
En dat fernimt se ek wol oan har liif: "Ik had van tevoren niet gedacht dat ik zoveel wedstrijden zou rijden. Het is best wel veel. En het is niet gek dat je wat vermoeidheid voelt. Ik voel me minder fris dan in het begin van het seizoen. Maar dan moet ik daar maar goede dingen uit halen."

Fit en yn foarm

Kok hat minder wedstriden riden as De Jong. Sa sloech se de lêste wrâldbeker yn Calgary oer, lykas it NK sprint. Nei eigen sizzen is se gewoan fit, al is it wol oars as wiken lyn yn Peking. "Op de Spelen fielde ik my echt superfit en yn topfoarm. Dêrnei wurdt dat wat minder, ek omdatst dan baalst."
It WK sprint en it WK allround wurdt kombinearre dit wykein. Tongersdei en freed fynt jûns it sprinttoernoai plak mei de 500 en de 1.000 meters foar de manlju en de froulju. Sneon is der dan ek noch de teamsprint.
Sneon begjinne de allrounders oan harren toernoai. Antoinette de Jong sil it wykein op jacht nei in medalje. Twa jier lyn wûn se brûns op it WK allround. Sneon sjogge we foarút op it toernoai mei de reedrydster fan Jumbo-Visma.