'Toeristyske Oerstappunten' op hieltyd mear plakken yn Fryslân te sjen
Op 12 plakken yn de provinsje binne se al te sjen: de 'Toeristische Overstappunten' fan de Marrekrite. Woansdei binne der twa ûntbleate yn Harns en Furdgum, de bedoeling is dat der takom jier noch sa'n 25 by binne.
Sa'n toeristysk oerstappunt (TOP) jout in lokaasje oan dêr't minsken de auto delsette kinne om dêrnei te fytsen, kuierjen of farren. In TOP moat dus in startpunt wêze om de provinsje te ûntdekken.
De punten wurde ûntwikkele troch rekreaasjeskip Marrekrite, yn gearwurking mei de Fryske gemeenten. Yn Harns is in pylder by de Westerseedyk kaam en yn Furdgum by it Yeb Hettingsmuseum.
Mear as 35 lokaasjes
Marrekrite is fan doel om 35 oant 40 punten oan te lizzen, dêr't ek stik foar stik in ynformaasjepylder by komt. Yn 2017 is in proef dien. "Daarna is er wat tijd overheen gegaan en een jaar geleden hebben we met de gemeenten afgesproken dat we het netwerk verder gingen uitrollen", seit direkteur Lourens Touwen fan de Marrekrite.
It oarspronklike plan wie dat de punten allegearre oan de ein fan dit jier klear wêze soene, mar der is dochs mear tiid nedich. Op dit stuit binne der tolve.
Pylders koste tiid
"Het duurt wel even voor je alle partijen op elkaar hebt afgestemd. Op de zuil zelf staan achtergrondinformatie over het gebied, routes en een gedicht van een dichter uit de buurt", leit Touwen út. Dat kostet in soad ôfstimtiid, want guon gemeenten wolle der in bankje, wettertaappunt of fytslaadpunt by.
De bedoeling is no dat it projekt yn de rin fan 2023 klear is. Dochs hat neffens Touwen al wol bliken dien dat it in sukses is. "We horen van de regio's waar de zuilen staan dat het gebruikt wordt. Mensen vinden het prettig om in zo'n netwerk te stappen. Voor de regio's is het erg leuk, want zijn krijgen gasten over de vloer die hun gebieden komen verkennen."