Ljouwerter oppakt foar falske melding fan 'slim geweldsdelikt'

De Meldkeamer Noard-Nederlân hat oanjefte dien tsjin in Ljouwerter foar it dwaan fan falske 112-meldingen.
In persoan bellet 112 © ANP
Tiisdei kaam op it alarmnûmer in melding binnen fan in slim geweldsdelikt op de iepenbiere dyk oan de Jan van Scorelstraat yn Ljouwert. Doe't de plysje oankaam, waard dúdlik dat de 64-jierrige melder in falske melding dien hie.
"Ook bleek er een opbouw te zijn in het doen van valse meldingen door deze persoon", skriuwt de plysje fan Ljouwert op Twitter. De offisier fan tsjinst fan de meldkeamer hat oanjefte dien en de Ljouwerter is oanholden.