De toan fan Froukje Sijtsma: "Yn ‘e achtertún"

"It is oarloch yn Oekraïne, en ik stean yn myn tún te genietsjen fan dy earste sinnestrielen op de hûd. Ik doch de eagen efkes ticht. Hearlik, einlik wat waarmte op it gesicht.
Ik hear de lûden fan kwetterjende fûgels en boartsjende bern. Myn famke is mei har freondintsjes de hiele middei al bûten. Ek oan de tún is te sjen dat kening winter gau wer ôfskied nimme sil. Ik sjoch om my hinne en bin oan it fantasearjen hoe't ik myn achtertún ris opkreazje sil. In nije túnset, wat mear gers en planten? Of in skûlkelder miskien?
De kontrasten binne de lêste tiid grut. It is noch mar in goeie wike lyn dat we yn 'e hûs bleaunen en nei bûten seagen hoe mâl de ferskillende stoarmen hûshâlden. Soenen de dakpannen lizzen bliuwe en soe de skutting it wol hâlde? No skynt de sinne, is it wynstil en freget myn dochter oft se ek sûnder winterjas nei de boarterstún ta mei.
Allegear longerje we nei wat waarmte. Binne we bliid dat de coronamaatregels foarearst fan tafel binne, en ûnderwylst skrolle we senuweftich op ús mobyl. Hoe giet it no yn Oekraïne? Rukke de Russen fierder op? Hokker trúkjes sil kening Winter yn Ruslân dêr noch mear út syn gûcheldoaze tsjoene?
Myn freondinne en har dochter binne it hiele wykein by ús útfanhûs. Us famkes boartsje en wy binne oan it bypraten. Oer it wurk, de leafde. En ûnderwylst strune we it ynternet ôf as der wer in pushberjocht binnenkomt. De oarloch hâldt ús beide bot dwaande. Hoe komt it mei al dy minsken dy't no fjochtsje of op 'e flecht binne? Hoe stekt dy Russyske skiednis no krekt yn inoar? En wat foar wylde of donkere sprongen kinne wy allegear noch mear ferwachtsje?
Myn gedachten fleane al dagen fan hjir nei dêr. De iene kear bin ik dwaande mei de wask of sit ik te prakkesearjen wat we jûn ris ite sille. It oare momint bin ik yn gedachten by al dy bange minsken dy't stride foar harren frijheid en net witte oft se oait wer feilich thús komme sille. Op de sosjale media sjoch ik dat in soad minsken har lykas my machteleas fiele.
Wy skrikke efkes op as in oerstjoer buorfamke ithûs ynrinnen komt. Se hat in splinter yn de finger. Myn freondinne komt fuort oerein en hellet in pinset op. We binne hielendal fiksearre op it lyts berneleed en binne bliid as de flard hout derút is. It famke draaft wer nei bûten ta en wy settelje ús wer op de bank dêr't wy wrâldproblematyk wer ûnder ús hoede nimme.
Ynzoome op in splinter en dan wer útzoome op de wrâld. Myn freondinne siket nei histoaryske achtergrûn oer it konflikt tusken Ruslân en Oekraïne. Ik lês de nijste updates op de liveblog fan de NOS. En dan, opnij in fertrietlik bern. Ientsje hat de knibbel stikken. Mei in wiet doekje meitsje ik de skaafplakken skjin. Myn dochter pakt har filtstiften en fersiert de pleister fan har freondintsje, foar't we 'm har op de knibbel plakke.
Koenen we it ús twa jier lyn oait foarstelle dat we in pandemy meimeitsje soenen? En dat der dêrnei ek noch in oarloch útbrekke soe yn Europa? Dat der drige wurde soe mei it ynsetten fan kearnwapens en dat minsken massaal joadiumtabletten ynslaan soenen?
It is bysûnder dat we dit allegear meimeitsje, ek al witte wy dat der alle iuwen pandemyen en natuerrampen binne, en dat it eins unyk is dat wy yn Nederlân al salang yn relative frede libje.
It is bysûnder hoe flot oft de spylfjilden feroarje. Stienen de noazen yn it begjin fan de coronakrisis relatyf deselde kant op, twa jier letter wienen wy inoar folslein kwyt. Mar no, troch de driging fan in oarloch, giet it net mear oer wol of net faksinearre. Wol of gjin booster. Ynienen lykje wy inoar wer te finen, no't der in mienskiplike driging is.
Allegear wolle we libje yn frede, sûnder oarloch mei Ruslân, sûnder ferfelende coronamaatregels. Gewoan genietsje fan in hearlike maitiid yn frijheid yn ús noflike achtertún."