Operaasje Fryske Flagge: Syb van der Meulen út it kâlde Kanada wei

Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Dizze wike is dat Syb van der Meulen yn Kanada.
Syb van der Meulen © Omrop Fryslan
It is glûpende kâld yn it lân dêr't Syb van der Meulen al hast 65 jier wennet: "De sinne is der noch net, mar ik tink dat we hjoed in bytsje snie krije", seit Van der Meulen, dy't hast 85 is en berne en grutbrocht waard yn Rinsumageast. It is op it stuit min tsien yn syn stêd Edmonton. De dagen dêrfoar wie it lykwols noch kâlder: doe kaam it kwik ûnder de -25.
It hat der altiten al yn sitten dat Van der Meulen nei Kanada soe. "Wy soene eartiids al gean, yn de fjirtiger jierren, mar doe waard ús mem siik. Doe gie dat net troch. Mar it jokke my altiten noch wat, in bytsje aventoer." Thús wiene se al oan it oefenjen slein mei it Ingelsk.

Earste stikje kaugom

Boppedat wiene it de Kanadezen dy't Fryslân mei befrijd ha. "Ik sil dy sneintemiddei net ferjitte dat wy befrijd waarden", seit Van der Meulen. Der waard earst noch bot fochten tusken de Dútsers en Kanadezen yn de omkriten fan it doarp, mar it wie deselde dei dat Van der Meulen syn earste stikje kaugom krige. Dat krige er fan in Kanadees, en dat sil er nea ferjitte.
Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse.
Yn Kanada waard Van der Meulen earst boekhâlder. "Je moatte earst fan alles oanpakke", seit er. Yn Edmonton wurke er noch foar in grutte winkel, en letter op in kantoar foar dokters. "Moatst dy foarstelle, doe wie der gjin sikefûns. De minsken moasten it sels betelje. As it de dei fan de bernetaslach wie, gie ik der op út mei kwitânsjes, by de doar del. Doe kaam it sikefûns en sieten je de hiele dei op it kantoar. Dat wie in deade boel en dêr wie net folle oan."
Syb van der Meulen út Kanada wei
Hy waard dêrnei makelder, en dat hat er 35 jier dien. Yntusken is Van der Meulen troud en hat er fjouwer bern, sân pakesizzers en fjouwer oerpakesizzers. Twa jier ferlyn is er foar de twadde kear troud, doe't syn earste frou ferstoar. Van der Meulen wennet no yn in flat oan de râne fan de stêd.

Alvestêdetocht fytse

Dochs hat er noch altiten in sterke bân mei Fryslân. Twa jier lyn, foar it útbrekken fan de coronapandemy, soe er werom fleane nei Fryslân foar de fytsalvestêdetocht. "Ik wie der doe hielendal klear foar", seit Van der Meulen. Dizze simmer sil hy it nochris besykje: dan komt er foar in reüny werom nei syn berteplak Rinsumageast.