Ljouwert: Hoe ferdielt de grutste gemeente omtinken tusken doarp en stêd?
Gemeente Ljouwert heart by de 25 grutste gemeenten fan Nederlân. It grutste part fan de ynwenners komt út de stêd Ljouwert, mar der is ek noch in grut part dat út de omlizzende doarpen komt. Hoe ferdielt de gemeente it omtinken hjirfoar?

Gemeente Ljouwert is ôfrûne acht jier bot feroare. Dêr't it earst foaral in stedske gemeente wie mei in tal doarpen, waard it nei de weryndielings yn 2014 (mei Boarnsterhim) en yn 2018 (mei Littenseradiel en Ljouwerteradiel) in gemeente mei in grut tal doarpen.
De gemeente telt no leafst 35 doarpen en 37 buorskippen. De FNP is kritysk op hoe't de gemeente mei dizze feroaringen omgiet.
Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen ljochtet Omrop Fryslân alle dagen in gemeente út. Wat spilet yn eltse gemeente en wat falt op? Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar mear nijs oer de ferkiezingen.
It falt yn it ferkiezingsprogramma fan de FNP dan ek fuortendaalks op dat de partij mei klam opkomme wol foar de doarpen. Sy sizze: 'De gemeente is no ienris grutter as de stêd Ljouwert'. Se binne ek kritysk op de oare partijen. Sy sizze dat it by de sittende partijen net altyd foar himsels sprekt dat de doarpen ek wat yn te bringen hawwe.
Net ien yn it kolleezje fan bûten de stêd
As je bygelyks sjogge nei it kolleezje fan de gemeente Ljouwert, dan falt it op dat fan it seiskoppige kolleezje (boargemaster en fiif wethâlders) der net ien fan bûten Ljouwert komt.
Leefber
"De FNP yn Ljouwert hat de ôfrûne jierren besocht de oare partijen yn de ried bewust te meitsjen", seit listlûker Jan-Willem Tuininga. "De fêstige partijen binne net wend om mei safolle doarpen om te gean. Mar wy fine it wichtich om de doarpen leefber te hâlden."
FNP is dan ek de iennige partij dêr't de mearderheid fan de kandidaten opmerklik genôch net út Ljouwert komt. By alle oare partijen komt fierwei de mearderheid fan de kandidaten út de stêd Ljouwert.
'Tige arbeidsyntinsyf'
Yn hiel Fryslân binne in soad nije partijen dy't meidogge oan de ferkiezingen. Mar der binne ek partijen dy't ophâlde, lykas Partij voor de Dieren yn Ljouwert. Ofrûne jierren siet Caroline de Groot foar dizze partij yn de gemeenteried. Ferline jier hat se oanjûn op te hâlden. De reden: it wurk as riedslid is neffens har tige arbeidsyntinsyf. Hoewol't sy mei in soad foldwaning weromsjocht, wiene it neffens har wol drege jierren.
Oer de rol fan de partij ôfrûne fjouwer jier seit de Groot: "We hebben vooral een aanjagende functie. Met één zetel ga je niet het beleid bepalen, maar je kunt wel andere partijen aan het denken zetten."
Bisten wurde beskerme by bouprosessen
Dat is neffens De Groot bygelyks werom te sjen yn hoe't partijen oansjogge tsjin beskerme bistesoarten. De gemeente hat it hieltyd mear yn syn belied opnaam dat bisten beskerme wurde by bouprosessen. Lykas op dit stuit it gefal is yn de Hollanderwijk, dêr't de wurksumheden oanpast wurde op de flearmûzen en fûgels dêr.
De Groot fertelt dat der sels kollegariedsleden binne dy't nei har takamen en seine: "Troch dy bin ik bewuster begûn te iten."
Bistewolwêzen as beliedspunt
It is no de fraach hokker partijen it bistewolwêzen as beliedspunt oernimme sille. Yn de ferkiezingsprogramma's is it benammen GrienLinks dy't him eksplisyt útsprekt foar it bistewolwêzen. De partij wol dat 'bistewolwêzen in dúdlik plak krijt yn it hanneljen fan de gemeente'.
De partij pleitet ûnder oare foar bistewolwêzen as aparte portefúlje en foar it plantsjen fan folle mear beammen en strûken yn de gemeente, bygelyks foar fûgels.
Oare partijen lykas PvdA, D66, GemeenteBelangen, ChristenUnie en FNP hawwe ek punten dy't te krijen ha mei bistewolwêzen. It giet bygelyks om it stypjen 'fan inisjativen dy't goed binne foar de oanwêzigens fan greidefûgels' (PvdA) of it ûntwikkeljen fan in plan foar bioferskaat (ChristenUnie).
Partijen as CDA, FvD, Lijst 058 en VVD hawwe yn harren programma neat eksplisyt opnaam oer bistewolwêzen.

De nijkommer yn de gemeente Ljouwert is Forum voor Democratie. FvD docht ek mei yn de gemeenten Achtkarspelen, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân.
Hege ferwachtingen
Om't FvD yn de Steateferkiezingen seis sitten behelle, binne de ferwachtingen heech. Neffens partijlieder Baudet binne de gemeenteriedsferkiezingen derfoar om in sinjaal ôf te jaan. "Niet alleen over toekomst van hun gemeenschap, maar over de toekomst van de wereld."
Kevin Oudhuis, listlûker fan de FvD yn Ljouwert, seit dat er út 'needsaak' de polityk yngien is. Hy wol tsjingas jaan oan de besteande polityk. Sa set er him yn foar direkte referinda, wêrby't de stimmen fan boargers oer beskate kwestjes binend binne. De partij ferset him ek tsjin de komst fan nije azc's.
Hokker sinjaal der yn Ljouwert ôfjûn wurde sil, sil 16 maart bliken dwaan.
Benijd nei hokker partij oerien komt mei jo stânpunten? Klik hjir foar de stimwizer.