VV Langwar ferbjustere oer kwetsende tekst yn programmaboek VV De Sweach

It fuotbalbûn KNVB is ynljochte oer in programmaboekje fan de wedstriid tusken VV De Sweach en VV Langwar. Yn Langwar is ferbjustering oer de tekst, dêr't de ferliking mei it nasjonaalsosjalisme lein wurdt.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Yn it boekje fan de wedstriid fan snein wurdt yn de foarbeskôging skreaun oer it logo fan Langwar. Der wurde fergelikingen lutsen mei de tiid fan de Twadde Wrâldoarloch.
"Onderaan zien we de oprichtingsdatum van 8 januari 1933. En dat was natuurlijk een andere tijd. Dus wellicht moeten we het logo in de context van die tijd plaatsen, met o.a. de opkomst van het nationaalsocialisme in Nederland/Europa", sa stiet der te lêzen by in omskriuwing fan it logo.

"Dit liket nearne op"

De klup út Langwar fynt it stik kwetsend. "Dit liket nearne op", seit waarnimmend foarsitter Sipke Brinksma fan VV Langwar.
De foarsitter waard mei de wedstriid fan de situaasje op de hichte steld troch in oar bestjoerslid. "Hy sei: wat hjir no yn dat boekje stiet... Hy trille der oer. Der stiet net in goed wurd oer Langwar yn. Je meie de boel bêst wat op skerp sette, mar der stiene dingen yn as: earmtakken útdiele, de tsjinstanner mei de noppen yn it gesicht skoppe. Ik koe der gjin tou oan fêstknoopje."

KNVB not amused

Brinksma hat yntusken mei it fuotbalbûn praat. "Wy hawwe kontakt mei de KNVB hân, want dy soene it ferhaal ek wol hearre. Sy binne not amused. Dan tink ik dat ik my netsjes útdruk. Wy binne der net op út om De Sweach in ear oan te naaien, mar ik krij wol út myn klup en út it doarp te hearren dat wy soks net oer ús hinne gean litte moatte."

Earnst fan de situaasje

Nei de wedstriid wie Brinksma al nei it bestjoer fan De Sweach stapt. "Ik haw ferhaal helle yn de bestjoerskeamer. Dêr waarden wol ekskuzen oanbean, mar ik hie net it idee dat sy de earnst fan de situaasje yn seagen. Der waard op in gegeven stuit sein: no witte wy it wol. Mar dit giet fierstente fier, sa'n boekje hie nea op it fjild komme mochten. Der soe noch op weromkaam wurde, mar ik haw noch neat heard."
Waarnimmend foarsitter Sipke Brinksma fan VV Langwar
Brinksma wol wol dúdlik meitsje neat tsjin de klup fan Beetstersweach te hawwen. "Ik bin 53 jier, al sûnt myn sechsde lid fan ús feriening en haw ferskate kearen yn Beetstersweach fuotballe. Ik ken de klup net oars as dat wy der altyd mei wille tsjin fuotballe hawwe. Ik kin my net betinke dat wy by dy minsken wat ferkeards dien hawwe."
It bestjoer fan VV De Sweach hat oanjûn foarearst net in reaksje jaan te wollen, mar seit wol kontakt op te nimmen mei VV Langwar.