Ferkearsdeputearre Fokkens bliid mei hegere boeten

Fan tiisdei ôf wurde guon boeten foar slimme ferkearsoertrêdingen heger en foar lytse oertrêdingen leger. In goede stap, fynt ferkearsdeputearre Avine Fokkens. "Ik denk dat dit invloed heeft op de acceptatie."
In ferkearskontrôle op de A7 © ANP
It kabinet hat it ferkearsboetestelsel op advys fan ûnder oare it Iepenbier Ministearje en it Centraal Justitieel Incassobureau (CJIB) oanpast. De hoop is dat it goed is foar de ferkearsfeiligens om slimmere oertrêdingen stranger te bestraffen.
Unnedich links ride giet omheech fan 150 nei 220 euro, it net ferlienen fan foarrang oan bygelyks in plysjewein giet omheech fan 250 nei 350 euro en it riden mei bern sûnder gurdle kostet net mear 150, mar 220 euro.

Telefoan yn 'e hân swierder bestraft

It fêsthâlden fan in mobile telefoan mei it autoriden kostet tenei 350 euro, yn stee fan de 250 euro dy't it wie. "Het zwaarder bestraffen van het gebruik van een telefoon achter het stuur vind ik een goede zaak, omdat het ronduit gevaarlijk is", seit Fokkens.
Deputearre Avine Fokkens
"Je mag hopen dat als de boete hoger wordt, mensen nog wel eens nadenken om überhaupt een telefoon te pakken", hopet sy. "De telefoon is een verlengstuk van onze arm geworden. Mensen denken dat het heel onschuldig is. In die zin ben ik blij dat dit zwaarder wordt bestraft."