Stoflik omskot by Rotstergaast yn it wetter fûn

Yn Rotstergaast is in stoflik omskot oantroffen yn it wetter yn de omkriten fan de Skoatterwei. It is noch net dúdlik hoe't de persoan om it libben kaam is. De plysje docht ûndersyk.
© Noordernieuws
It stoflik omskot is om 16.00 oere hinne fûn. De plysje jout oan dat de identiteit fan de persoan noch net fêststeld is. Mear ynformaasje hat de plysje op dit stuit net.