'Scoor een boek': fuotballers moatte bern oan it lêzen krije

Bern fan de basisskoalle mear oan it lêzen krije, dat is de ynstek fan het projekt 'Scoor een boek' yn Fryslân. Op basisskoalle De Twirre yn Oerterp docht âld-fuotbaltrainer Foppe de Haan tiisdei de ôftraap.
Sa begûn it projekt yn Oerterp:
"En toen zag hij het daar op zijn nachtkastje liggen. Hij schrok en draaide om." Foppe de Haan lit efkes in stilte falle om de reaksje fan de bern te sjen. Fan in poadium fol boeken en fuotbalslingers mei it logo fan sc Hearrenfean sjocht de coach nei de grûn foar him.
Dêrop sitte alle learlingen fan groep 1 oant en mei 8 yn spanning oer it ferfolch fan it boek. De âld-fuotbaltrainer sjocht mei in glimk werom nei syn boek. "Daar zag hij dat het de verloren foto was." Grut applaus klinkt it fan de bern.
De boeken op de skoalle yn Oerterp © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It ferhaal fan De Haan falt yn goede ierde. Nei in besite fan Heero, de maskotte fan Hearrenfean, moatte alle bern werom nei de klasse. Dêr lêze sy fierder yn harren eigen boeken.

Gearwurking mei klups

It projekt is in gearwurking fan fuotbalklups sc Hearrenfean en SC Cambuur mei biblioteken en basisskoallen. Spilers en trainers komme del om foar te lêzen. Op basisskoalle De Twirre falt it projekt al goed. "Ik fyn it moai oan boeken datst yn in oare wrâld komst," seit Sjors fan groep 5. Hy is fuotballeafhawwer en lêst dan ek it leafst boeken oer fuotbal.
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op de skoalle
"It moaie is ek datst earst in soad lêze moatst foardatst earne bist. Ast dan oan de ein fan it boek bist, dan hast in goed gefoel." Der is ek in priis foar de learling dy't de kommende tiid de measte boeken lêst.
Foppe de Haan op de skoalle yn Oerterp © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Der dogge yn totaal 2.500 bern yn hiel Fryslân oan mei. "Ast it net leuk fynst om te lêzen, dan is it altyd handich om in boek te pakken oer in ûnderwerp datst sels leuk fynst," seit Hailey. Sy lêst in soad yn har frije tiid. "It is ek handich om hieltyd mear te lêzen. Dus datst earst fiif minuten de dei dochst en dernei hieltyd mear. Dat is moai."

"De konkurrinsje is heech"

Der binne in soad projekten om bern oan it lêzen te krijen. Mar dochs wurdt dat hieltyd minder. De skoalle hopet dat no om te draaien. "It idee is hjir dat je prizen winne kinne en dat nimt bern toch krekt efkes wat mear mei," seit direkteur fan de skoalle Redmer Wijnsma.
"Ek dat dy fuotbalminsken as Foppe de Haan delkomme. Dat nimt dochs krekt wat mear mei as dat je tinke. Ik hoopje dan ek dat it projekt slagget. Bern moatte mear lêze, want de konkurrinsje is heech. Tink dan oan de laptop of oan de Playstation. Wy witte dat it dreech is om bern safier te krijen, mar wy hoopje dat it dochs slagget."