Alden meie wer yn basisskoalle komme: "Heel blij dat je elkaar weer kan zien"

Troch ferrommingen fan de coronamaatregels kinne âlden wer de basisskoallen yn om de bern yn de klasse te bringen.
Yn Kollumerpomp waarden de âlden ferwolkomme mei kofje en in koek:
Foar it earst yn twa jier kinne de âlden wer byinoar komme yn de skoalle. Dêr binne de learkrêften fan CBS de Wegwijzer yn Kollumerpomp wiis mei.
De ôfrûne jierren wiene net maklik, seit learkrêft Arjen de Jong: "We moasten alles sels dwaan en sels regelje. Alderpetearen moasten fansels op ôfstân. Hiest in hiel lyts bytsje kontakt mei âlden. No is it hooplik sa dat we wer mear belutsenheid by âlden krije."
De nije direkteur Marja Putman werkent dat fan oare skoallen: "Je merkt echt dat je moeite moet doen om elkaar bij de les te houden. Dus ik ben heel blij dat dat nu voorbij is. Dat je elkaar weer kan zien."
Arjen de Jong jout les yn Kollumerpomp © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Neffens Arjen de Jong binne heiten en memmen ûnmisber op in lytse skoalle lykas dy fan Kollumerpomp: "Wy hawwe de âlden hiel hurd nedich. Dat wurket twa kanten op. Alden moatte fan ús in byld krije hoe't it mei harren bern giet."
"Wy hawwe âlden ek nedich foar lytse aktiviteiten, dingen op it plein en de biblioteek. Alden kinnen fierders ek helpe by crea en by it lêzen. Dat kinne we sels net. It is moai dat heiten en memmen dat no wol wer dwaan kinne", seit De Jong.
Alden yn de klasse yn Kollumerpomp © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De nije direkteur fynt it moai dat de âlden krekt moandei wer yn de skoalle komme meie. Dat is nammentlik Putman har earste wurkdei op De Wegwijzer yn Kollumerpomp. Sa kin se kin fuortendaliks yn de kunde komme mei de heiten en memmen:
"Ik kan me voorstellen dat als er een nieuwe directeur op school is, de ouders die ook willen zien. Ouders willen even zien wie dat is en hoe ze als persoon is. Voor mij is het ook goed om te zien welke ouders bij welk kind horen."