Ald-stâlmaster Bert Wassenaar wurdt 'Kanselier der Huisorden'

Bert Wassenaar, de eardere stâlmaster fan kening Willem-Alexander, krijt in nije keninklike funksje. Hy wurdt tiisdei beneamd ta de nije Kanselier der Huisorden.
Bert Wassenaar © ANP
Yn syn nije funksje beheart er de ûnderskiedingen dy't de kening jaan kin oan ien dy't him of har fertsjinstlik makke hat foar it Keninklik Hûs. Hy folget Jaap Leeuwenburg op dy't de funksje sûnt 2014 hie.

Jubileum

Bert Wassenaar, dy't fan Noardwâlde komt, naam ein ferline jier nei 25 jier ôfskied as stâlmaster. Dêrmei wie er it langst tsjinjende stêflid binnen it Keninklik Hûs.
Earder wie er foarsitter fan it Frysk Hystestamboek en as baas fan it keninklik ferfiersdepartemint wie er op Prinsjesdag ferantwurdlik foar ûnder mear de koetsen en de Fryske hynders.