Minister beäntwurdet keamerfragen oer it Frysk yn it Frysk

Minister Bruins Slot fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes hat keamerfragen oer it brûken fan de Fryske taal yn de Twadde Keamer skriftlik yn it Frysk beäntwurde.
Minister Bruins Slot © ANP
Dy fragen waarden steld troch D66-keamerlid Romke de Jong fan De Gordyk.
De fraach gie oer de cv's (curriculum vitae) fan nije bewâldspersoanen by Algemiene Saken. Dy wurde yn it Dútsk, Frânsk en Ingelsk oerset, mar net yn it Frysk. De minister seit dat dat net wier is, it is oan in departemint sels om te bepalen oft in cv ek yn it Frysk of Papiamintsk oerset wurdt.
De minister fynt it fierder wichtich dat Friezen har útdrukke kinne yn har memmetaal. Dat betsjut neffens har dat it yn emosjonele sitewaasjes sinfol is om ynformaasje yn it Frysk oer te setten.