Omrop Fryslân stjoert hurdfytseveneminten Bloeizone en Elfsteden Race live út

Fryslân is de kommende dagen it 'episintrum' fan twa ynternasjonale hurdfytseveneminten, it giet om de Bloeizone Fryslân Driedaagse en de Visit Friesland Elfsteden Race.
© Elfsteden Race
De Bloeizone Fryslân Tour is in wedstriid foar froulju en de fuortsetting fan de Healthy Ageing Tour. De Elfsteden Race is de earste selsstannige wedstriid foar mannen op de ynternasjonale kalinder sûnt 2009 yn Fryslân.
De Bloeizone Fryslân Driedaagse bestiet út trije etappes: tongersdei 3 maart yn Surhústerfean, freed 4 maart yn Eastermar - Bakkefean en sneon 5 maart yn Drachten.
By de Elfsteden Race sille de fytsers de Alvestêdetocht fytse, mei start en finish yn Ljouwert.

Live-útstjoering

Omrop Fryslân sil alle 4 wedstriden live útstjoere op telefyzje. De útstjoeringen bestean út in start fan sa'n 10 minuten, mei dêryn ferskate ynterviews. Dêrnei is it ferfolch fan de wedstriid live te folgjen.

Live hurdfytseveneminten

Bloeizone en Elfsteden Race
Mear ynformaasje oer de Visit Friesland Elfsteden Race is hjir te finen, mear ynformaasje oer de Bloeizone Fryslân Driedaagse is hjir te finen.