Harns: lytse mar autonome gemeente, noed oer sâltwinning by Winaam

Harns is in lytse, mar autonome gemeente. In slepend probleem yn dy gemeente is de sâltwinning. Troch Frisia wurdt al sûnt 2000 sâlt wûn yn it gebiet by Harns.
© Omrop Fryslân
Yn earste ynstânsje wie it de gemeente Harns sels dy't yn de jierren njoggentich akkoart gie mei de sâltwinning. Earst barde de sâltwinning noch ûnder it lan, mar sûnt 2020 dat is dat ferskood nei ûnder de Waadsee.
Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen ljochtet Omrop Fryslân alle dagen in gemeente út. Wat spilet yn elke gemeente en wat falt op? Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar mear nijs oer de ferkiezingen.

Fersakkingen en skea

De sâltwinning hat al in soad krityk krigen. Ferskate rapporten en artikels wize út dat it ûndersyk nei de effekten fan de winning struktureel net goed dien is. Los fan de ynhâldlike kritiken hat de winning in soad fertriet en stress jûn oan bewenners. Fersakkingen en skea teisterje it gebiet rûnom Harns.
Yn Harns binne se dêrom ta in inisjatyf kaam: Pilot Harlingen. Dit is in gearwurking tusken gemeente, provinsje, sâltwinner Frisia, it Wetterskip en Bescherming Historisch Harlingen. It doel fan dizze gearwurking is om skea oan de histoaryske binnenstêd foar te kommen. Dêrom binne ûnder oare tiltmeters pleatst om de boaiembeweging goed yn byld te krijen.

Pilot Harns 'in lachertje'

Opfallend is dat yn it neistlizzende doarp Winaam dizze meters net pleatst binne. Nettsjinsteande dat it doarp meardere kearen oantrune hat om de pleatsing fan sokke meters.
Neffens Aukje Jongsma, fan Winamer Belang, hat de gemeente Harns de ôfrûne jierren nea wat dien mei alle kennis, mjittingen en rapporten dy't se de gemeente tastjoerden. "As Winaam binne wy finaal oan de kant set." It feit dat Harns no sa pronket mei de Pilot-groep, neamt se ek in 'lachertje'. "Harns leit bûten it prognoazegebiet, dus sy rinne folle minder risiko."
Aukje Jongsma fan Winamer Belang hâldt har al jierren dwaande met de saltwinning
Yndertiid dat de fergunning oan de sâltwinner jûn waard, mocht de boaiem by Winaam mar maksimaal 7 sintimeter nei ûnderen gean. Dat is no, mei in delgong fan 35 sintimeter, 500 persint kear sa heech útfallen. Dy situaasje wolle se yn Harns foarkomme. Sa liket it dochs hast oft de gemeente mear soarch hat foar har haadplak as foar har bûtengebiet.

Amtlike húsfesting

Gemeente Harns is al jierren dwaande om de amtlike húsfesting te sintralisearjen. Op dit stuit wurkje de amtners ferspraat oer fiif lokaasjes yn de stêd. Om't de gemeente de ambysje hat it eigen fêstgoed enerzjyneutraal te meitsjen en in oantreklike wurkjouwer foar de amtners wêze wol, soe it better wêze om ien sintraal wurkplak yn de binnenstêd te hawwen.
Hoewol't de ried en de wethâlders dit leaver hjoed as moarn wolle, leit dat by de amtners oars. Sy hawwe soargen oer de plannen fan no en fiele harren net heard. Sa binne se bang mei sa'n nije sintrumlokaasje foar de parkearmooglikheden en berikberens.
De ried fan meisizzenskip hat it oer 'sporadische en haastige overlegmomenten' en ferwyt it gemeentebestjoer in gebrek oan 'communicatie en inspraak '.
© Omrop Fryslân
Net allinnich de amtners, mar ek Vereniging Oud Harlingen hat oanjûn him passearre te fielen. Sy krigen de plannen pas ûnder eagen, doe't it al yn kranten publisearre wie. Yn dat plan wurdt it âlde stedhûs fia glêzen loftbrêgen ferbûn mei oare pannen.

It unike Harns

Wat Harns yn Fryslân in unike gemeente makket, is dat it as ien fan de lytsere gemeentes hielendal selsstannich funksjonearret. Yn it geweld fan effisjinsje en grutskaligens binne de ôfrûne jierren de measte gemeenten opgien yn fúzjes of grutte gearwurkingsferbannen.
Sa funksjonearje de Waadeilannen (ek Teksel) mei-inoar binnen in gearwurkingsferbân. Ek gemeente Dantumadiel, dy't yn ynwennertal sawat gelyk is oan Harns, sit op it stuit yn in gearwurking mei gemeente Noardeast-Fryslân. Al sil dy gearwurking, fanwegen ûntefredenheid fan wjerskanten, mei yngong fan 2024 stilset wurde.

Foar de wyn

Dy lytsskalichheid giet de gemeente Harns goed ôf. Finansjeel docht de gemeente it tige goed en de stêd wurdt in hieltyd populêrder plak foar toeristen. Dêr't foar toeristen Harns earder it plak wie dêr'tst op de boat staptest nei de eilannen is it no ek hieltyd mear in plak om nei ta te gean en te ferbliuwen. Under oare de metamorfoaze fan de Willemshaven, dy't no in bysûnder libben plak foar toeristen is, draacht hjir oan by.
Dêrmei nimt gemeente Harns in bysûndere posysje yn binnen it gemeentlike lânskip fan Fryslân.