Sânde nederlaach op rige; Hearrenfean ferliest ek fan FC Utrecht

Sportklup Hearrenfean sit flink yn de nederklits. Sneintejûn gie de ploech fan trainer Ole Tobiasen yn it eigen Abe Lenstrastadion mei 1-2 ûnderút tsjin FC Utrecht. It betsjut alwer de sânde nederlaach op rige yn de earedivyzje foar de Feansters. Dat barde nea earder.
© Orange Pictures
Yn de earste helte wie FC Utrecht it tichtst by in doelpunt. Ald-Hearrenfean-spits Henk Veerman krige twa mooglikheden fia in skot en in kopbal, dy't gjin doel troffen. De Volendammer waard de hiele wedstriid útfluite troch de Feanfans.

Mulder yn aksje

Keeper Erwin Mulder moast twa kear hanneljend optrede yn de earste helte. In skot fan Hidde ter Avest en in kopbal fan Sander van de Streek giene beide fia de fingertoppen fan Mulder op de boppekant fan de latte.
Hearrenfean sette dêr yn oanfallend opsicht kwealik wat tsjinoer foar it skoft. Tibor Halilovic soarge foar it iennige gefaar. In skot fan sa'n tweintich meter gie inkele meters njonken.
SC Hearrenfean - FC Utrecht 1-2 (0-0): 58. Ramselaar 0-1, 69. Van der Hoorn 0-2, 80. Van Hooijdonk (penalty)
SC Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Dresevic, Woudenberg; Haye, Madsen (72/Tahiri), Halilovic, De Jong (66/Musaba), Sarr; Van Hooijdonk.
De ploech fan trainer Ole Tobiasen kaam wol goed út 'e klaaikeamer en wie fuortendaliks driigjender as yn de earste helte. In skot fan Halilovic koe pakt wurde troch Fabian de Keijzer, de keeper fan Utrecht.

De Keijzer yn it paad

De grutste mooglikheid wie foar Amin Sarr. Mar ek op de ynset fan de Sweed koe De Keijzer rêding bringe. Nettsjinsteande it goeie begjin fan de twadde helte, kamen de gasten nei 58 minuten op foarsprong.
Mulder kaam út syn goal yn it eigen sechstjinmetergebiet, wylst Bart Ramselaar yn in muoilike hoeke stie. Mulder griep net yn en Ramselaar skeat de bal by de keeper del yn 'e goal.

Utrecht giet troch

Tsien minuten letter ferdûbele FC Utrecht de skoare. Ut in hoekskop kopte Mike van der Hoorn rekke en sette hy de 2-0 op it skoareboerd. Tsien minuten foar tiid krige Hearrenfean de kâns om werom te kommen yn de wedstriid.
Van der Hoorn rekke de bal mei de hân yn it eigen strafskopgebiet, wêrtroch't skiedsrjochter Serdar Gözübüyük in penalty oan de Feansters joech. Sydney van Hooijdonk benutte de strafskop en makke de 2-1.
Nei de oanslutingstreffer fan Van Hooijdonk besocht Hearrenfean it noch wol, mar echt ticht by de lykmakker kaam it net mear.

Noed yn Hearrenfean

Dêrtroch bliuwt Hearrenfean op 25 punten stean. It stiet no op it trettjinde plak. Folgjende wike is nûmer fyftjin Willem ll de tsjinstanner en dus wurdt dat in krúsjaal duel om fuort te bliuwen út de degradaasjesône.