HEA! De Omrop Fisklân-show

In fiskprogramma op Omrop Fryslân; dat wie de dream fan Joram Dijkstra en Jan Harmen Folkerts yn 2013. De jonkjes fan doe binne no as mannen ek noch altyd gek op fiskjen.
HEA! De Omrop Fisklân-show
Se stean net mear alle dagen by it wetter, en de petearen gean yntusken ek oer oare saken. Mar sa no en dan in angeltsje útgoaie fine Joram en Jan Harmen noch altyd moai. En dêr't se yn 2013 foar de kamera neat fongen, liket it dizze kear wol te slagjen. In flinke snoek byt oan.