Resinsje 'Echt wier': "Ik tocht datsto net swimme woest"

"In grutter kontrast is der hast net. Nei de neipremjêre fan Wasted Skin haw ik freed nei de foarpremjêre west fan Echt wier fan teäterpear Jan Arendz en Marijke Geertsma.
© Omrop Fryslân, Henk te Biesebeek
Troch Henk te Biesebeek
Jan en Marijke binne fjirtich jier troud. Harren relaasje wie de ynspiraasje foar dizze nije foarstelling Echt wier.
Se learden mekoar kennen yn de earste jierren fan it Fryske profesjonele toanielselskip Tryater en fagen allebeide harren paadsje dêr skjin. Ien kear mei pensjoen brochten se tegearre ek prachtige foarstellings op de planken. Net allinnich it lichtere wurk, mar ek in stik as De man fan dyn libben, nei in ferhaal fan Arthur Japin. De auteur kaam sels nei in foarstelling ta. Dat seit dochs wat.
Foar Echt wier diene Jan en Marijke in berop op âld-LC-sjoernalist Bonne Stienstra, kollumnist en toanielskriuwer. Master fan de humor. Om te laitsjen dus.
Jan en Marijke fregen Bonne in stik oer har libben te skriuwen. Alwer 40 jier in akteurspear, dat moat de minsken dochs yn 'e besnijing hâlde kinne. No dat is slagge.
Stienstra hat de foarm fan de foarstelling yn in relaasjeterapy getten. Jan en Marijke ha opdrachten fan de terapeut krigen om har houlik in nije boost te jaan. En it publyk is dêr tsjûge fan en mei no en dan sels meidwaan.
En lit ik dan good-old Frâns Faber net ferjitte. De man dy't yn Fryslân noch hieltyd bekend is as de tekener fan de âldjiersprinten yn de nijjiersbylage fan de Ljouwerter Krante. Faber makket op it poadium karikaturale tekeningen fan sênes dy't op it poadium ferbylde wurde en spilet ek kreas op syn harmoanika of mûlharpe foar muzikale listwurk.
Jan en Marijke tegearre op ien poadium is gewoan in feestje. Dat fûn it publyk by de try-out juster yn Kimswert ek. Der kin hjir en dêr noch wat oan ompield en skaafd wurde. Benammen foar it skoft kinne de sênes wol in bytsje koarter. Mar de ynhâld sels liicht der net om. Echt prachtich hoe't beide it publyk meinimme troch harren libben. Harren lok, mar benammen ek de ûnderlinge argewaasje.
Wat ergeret Marijke yn it gedrach fan har man? As de terapeut harren frege hat nei 'heikele kwestjes': "Dan lis ik wat op de trep del, hy rint der trije kear oerhinne mar ferpoft it om eefkes mei nei boppen te nimmen!" Hoe werkenber.
Echt wier is bytiden in André van Duin-revu wurden, mar dan sûnder 'ûnderbroekwille'. Hoewol, in inkele kear skeart it der wol bylâns. Mar it publyk laket smaaklik. Dus ek dy grappen troffen doel.
Itselde publyk dat ek begrutsjen hat mei Jan as dy ferhellet oer in ynbraak yn harren hûs. Alles op 'e kop helle, mar it slimste: "Se ha ek ynbrutsen yn myn holle." "O ja", seit Marijke, "foel dêr wat te heljen dan?" Bam!
Fan in humoristysk stik moat je net tefolle priisjaan wolle. In grap falt en stiet by de ferrassing. No, toe dan mar. Ien dan. Omdat dizze sa aardich is. Jan en Marijke sitte yn 'e kano. Fereale en blier. Drinke in roseewyntsje en Marijke wol swimme. "Nee", seit Jan, "tefolle gesoademiter. Mar asto swimme wolst, dan giest dyn gong mar."
Marijke dûkt yn it wetter. Dat hat fansels gefolgen. Jan kiperet mei kano en al om. Mei syn horloazje fan 280 euro. Hy baalt. En as er dan boppe wetter komt, seit Marijke: "Ik tocht datsto net swimme woest!"
In hearlike foarstelling. Net dat Jan en Marijke mei Echt wier in nij en jonger publyk oanboarje sille. Mar de grutte groep trouwe fans fine dat gjin probleem. Kompliminten.
Wat ik wol in bytsje miste yn dit stik is de leafde. As jo 40 jier as akteurspear op de planken stean en meimekoar as man en frou, heit en mem libje, dan hâlde jo dat allinnich fol as jo echt fanmekoar hâlde.
Dat dogge Jan en Marijke, sûnder mis. Mar krekt dy yntime passaazjes, in leafdefolle ferstilling fûn ik yn dizze foarstelling net werom. Oertsjûgjend wiene wol de beide akteurs dy't meimekoar en njonkenmekoar it dochs mar wer foar mekoar krigen ha. No sa!"
It stik is nei de premjêre op 2 maart yn it Posthústheater op It Hearrenfean rûnom te besjen yn de provinsje.