Grutte brân Dokkum: kringloopwinkel ôfbaarnd, wenflat ûntromme

Yn Dokkum binne in kringloopwinkel en in angelsportsaak oan de Wâlddyk ferlern gien by in útslaande brân. In njonkenlizzend appartemintekompleks oan de Houtkolk moast ûntromme wurde.
Wentoer yn Dokkum ûntromme nei útslaande brân yn bedriuwsgebou
De earste melding fan de brân yn de loads fan De Sneuper, dy't mei de achterkant oan de Dokkumer Ie Ieit, kaam sneontenacht om tsien foar tolven. Mei in soad materieel is it slagge om it fjoer om healwei trijen ûnder kontrôle te krijen.

Gjin ferwûnen

Der is gjinien ferwûne rekke by de brân. Wol binne twa auto's útbaarnd en hawwe in tal oare auto's dy't parkeard stiene by it appartemintegebou grutte skea.
De reek kaam oer in njonkenlizzend appartemintekompleks dat troch de brânwacht wiet hâlden waard. Troch de hjitte binne dêr ruten knapt. De 35 benammen al wat âldere bewenners fan de wenflat binne oerbrocht nei it plysjeburo. Fan harren hawwe 29 oernachte yn hotel De Abdij. Sy koene sneintemoarn wer nei hûs ta.
Omdat de brân net fier fan in wenwyk ôf wie, kaam der in soad publyk op ôf. Der is fuortendaliks opskaald nei grutte brân en der is ek in NL-Alert útgien foar oerlêst troch de reek.

Grutte loads

"It is in grutte loads fan sa'n fyftjin by tritich meter", seit brânwachtwurdfierder Marko Kinderman. By de bestriding fan it fjoer is aardich wat materieel ynset: fjouwer tankautospuiten, in heechwurker en in grut wettertransport.
Marko Kinderman, wurdfierder brânwacht
De brânwacht hat de hiele nacht noch oan it neidwêsten west. In mobile kraan hat de gevels fan de loads delhelle. Oer de oarsaak fan de brân is no noch neat te sizzen.
Marijke Zomer wer werom yn har hûs © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Marijke Zomer út Dokkum hat sneintemiddei de jas noch oan yn har appartemint en de doar nei bûten stiet iepen om de brânlucht fuort te krijen. Sy is ien fan 35 bewenners fan in wentoer nêst de kringloop- en angelsportwinkels dy't fan sneon op snein yn de de jiske lein binne troch in útslaande brân.
De bewenners moasten halje-trawalje in oar plak sykje. De reek en de waarmte wie sa grut dat it net mear feilich wie yn de apparteminten. Frou Zomer koe mei kunde mei út Holwert. Zomer: "It wie ien en al fjoer en der waard by my op 'e doar bûnze. 'Eruit, eruit!' waard roppen."

Yn in hotel

Op de gong yn it kompleks stiet ark om de brânlucht te ferdriuwen. Twa doarren fierderop fan frou Zomer wennet Johannes Wouda. Hy hat mei de measte bewenners oernachte yn in hotel en hat ek wol wat leard fan wat him en de oaren oerkaam.
"Wy wenje hjir yn 23 apparteminten en je fernimme dochs wol dat wy it better regeljen hawwe koenen. Bygelyks dat je elkenien maklik berikke kinne en dat je witte dat elkenien der út is."