Lykspul foar Harkemase Boys, Bûtenpost wint krekt foar tiid

Harkemase Boys hat sneontemiddei lykpsile tsjin VVOG. Haadklasser Bûtenpost wist troch in lette goal te winnen fan NSC.
Harkemase Boys © Orange Pictures
Trainer Jan Piet Bosma fan Harkemase Boys
De Harkiten kamen al nei tsien minuten op foarsprong, mar it feestje wie al gau oer: bûtenspul. In pear minuten letter wie it wol raak foar VVOG, Jeremy de Graaf skoarde de 0-1.
Harkemase Boys sochten dúdlik de lykmakker en kamen hiel tichtby, foaral nei skoft. Al gau nei de tee ferdwûn in bal krekt neist de goal in nei tsien minuten wie it dan lang om let raak.
VVOG moast it lêste healoere noch mei in man minder, nei't yn ferdigener in trochbrutsen spiler delhelle. Mar tsjin tsien man koe Harkemase Boys net mear skoare: 1-1.
Bûtenpost-trainer Willem Brouwer
Bûtenpost naam it sneon, nei in minút stilte foar de ferstoarne teammanager Tjeerd Douma, op tsjin NSC út Nijkerk. It wiene foaral de Blaukes dy't de oanfal sochten en tichtby kamen.
Dochs duorre it lang foar't der skoard waard en dat wie ek nochris yn it ferkearde doel: NSC makke der nei 53 minuten 0-1 fan troch Mo Ajiach.

Einsprint

Mei noch in healoere te gean waard it wer lyk troch Max Huiskamp, dy't op oanjaan fan Willem de Boer skoarde. In punt wie dúdlik net genôch foar de Blaukes, want se setten noch efkes oan foar de oerwinning.
En dat wie suksesfol: Joran Olijve krige krekt foar tiid in goeie pass fan Alexander Radenkovic en Olijve makke gjin flaters: 2-1.
ONS komt dit wykein net yn aksje. De Snitsers hiene te krijen mei coronabesmettings, dêrom is de wedstriid tsjin HZVV skrast.